In kommunistyske ‘majesteit’

netwerk compagnonsvaart Scan10445

Yn de streek tusken De Knipe en Jobbegea fûnen yn de Twadde Wrâldoarloch in opfallend soad ûnderdûkers in relatyf feilich hinnekommen. Belangrykste skeakel yn it netwurk fan fersetsminsken yn dizze gefaarlike ûndernimming wie gernier Hendrik Marcus de Jong, bynamme Hare Majesteit.

De Fryske seefiskerij

strijd zeevisserij RP P 1886 A 10843

Hoewol't Fryslân fan âlds oer tal fan seehavens beskikt, bleau de seefiskerij der altyd ûndergeskikt. Eins frjemd foar in gewest mei de langste kustline fan de Republyk. Fryske fiskers beheinden har yn de Iermoderne Tiid ta de binnenfiskerij (Waad- en Sudersee), de kustfiskerij (Noardsee) en de hjeringfiskerij.

Obsesje mei behâld fan it besit

Stamtrots Keimpe Donia

Yn de 17de iuw hechtet de Fryske adel noch sterk oan foarâlderlik besit, mei in state, pachtbuorkerijen en lân. In twadde skaaimerk is de op besitsbehâld rjochte houlikspolityk. Dat liedt binnen de dochs al beheinde groep ta in soad spul. De Donia's fan Hinnema State binne dêrfan eksponinten.

Johs. Koopmans, fergaderboer

Foarstanner kooperaasje Koopmans 666865f77d15

Boer wienen se fan berop, mar bestjoeren naam mear tiid yn: by de Friese Mij, de CAF, de Boerenleenbank, de iisklup, it suvelfabryk. Johannes Koopmans wie in saneamde fergaderboer: ûntwikkele boeren mei arbeiders foar it wurk op de pleats en sels mear belangstelling foar bestjoeren.