Cover Fryslan mei juni 2026LR
ankeiler_WVeenhof_mei26
Yn dit nûmer: Fryslân 2026-3

Woudy Veenhof, in iensume boargemaster

Yn it Ynternasjonale Jier fan de Frou 1975 waard Woudy Veenhof boargemaster fan Barradiel, as alderearste frou yn Fryslân. Se wie in markante dame dy't altyd har golden retriever Rixte by har hie. Se hie neat mei de frouljusbeweging, amper belangstelling foar bestjoerssaken en se stoar yn iensumens. Johanneke Liemburg, sels oait boargemaster yn Littenseradiel, sketst it portret fan Veenhof. 'Nee boargemaster, jo lige!'
ankeiler_JBerhuisHuber_mei26
Yn dit nûmer: Fryslân 2026-3

Brieven fan in Fryske seekadet

Seekadet Jan Berghuis Huber, berne op state Schatzenburg by Dronryp, skreau tolve brieven dy't bewarre bleaun binne, diels yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert en diels yn The National Archives yn Londen. Se jouwe in bysûnder byld fan de belibbingswrâld fan in jonge Fryske seekadet by de marine yn de tiid fan Napoleon. Nykle Dijkstra naam se ûnder de loep.
ankeiler_Domela_mei26
Yn dit nûmer: Fryslân 2026-3

Domela en de ûngemaklike ferearing

De ferearing fan ‘de iennichste hillige fan it Nederlânske sosjalisme’, Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), is fassinearjend én ûngemaklik. Hoe rimest dy nammentlik mei it sosjalistyske ideaal fan lykweardigens en ôfkear fan persoansferhearliking? Konservator Femke Knoop fan Museum Heerenveen makke der in tentoanstelling oer.
ankeiler_GPoutsma_mei26
Yn dit nûmer: Fryslân 2026-3

Geesje Poutsma: it Fryske Gealtsje

Geesje Poutsma (1849-1917) was een zeer bewonderde zangeres van liederen en aria's. Als docent heeft ze daarnaast veel kinderen de liefde voor muziek bijgebracht. Door haar enthousiasme en organisatietalent heeft ze ook meegeholpen om het muziekleven in Leeuwarden tot een grotere hoogte te brengen. Ze was daarbij een slimme zakenvrouw. Haar kapitaal liet ze grotendeels na aan het Geesje Poutsma Leen, dat nog steeds jonge vrouwen steunt die willen studeren.

Histoarysk tydskrift Fryslân

Histoarysk tydskrift Fryslân is as skiednistydskrift in trouwe ôfspegeling fan ús provinsje: in eigensinnich ferline, ryk dokumintearre, fleurich yllustrearre en soarchfâldich argivearre. Fryslân jout oan dat boeiende ferline in publyksfreonlik gesicht. Elke útjefte befettet sa'n acht artikels, faak is der in oansprekkend tema mei in aktuele link.

Dêrneist binne der fêste rubriken, bygelyks oer de stân fan it Fryske histoaryske ûndersyk, en tal fan losse artikels. Belangryk is it 'service-part', mei boekbesprekken, kalinder en nijs.

Histoarysk tydskrift Fryslân ferskynt seis kear yn it jier.

voorbeeld bladen nov