Fryslan juli aug 2015

Dage fan de moderne tiid

(21ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Op 20 juny 1789 begjint de Frânske Revolúsje dy't foar hiel Europa, en dus ek Fryslân, grutte gefolgen ha sil. Uteinlik docht bliken dat maatskippij en oerheden skoksgewiis in nij tiidrek ynkatapultearre binne, mar ûnderwilens wienen de ferskrikkingen fan de napoleontyske oarloggen dy't Europa yn earmoed stoarten.
Fryslan mei juni 2015

Maria Louise-jier

(21ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is 250 jier lyn dat Maria Louise, lângrevinne fan Hessen-Kassel (1688-1765), yn Ljouwert stoar. Nei har houlik mei Johan Willem Friso, de Prins fan Oranje, mocht sy har Prinses fan Oranje neame. Maria Louise, sûnt de 19de iuw oantsjut as Marijke Meu, wie al jong widdo; har man ferdronk yn 1711 yn it Hollandsch Diep.
Fryslan maart april 2015

Frysk filmysk erfgoed

(21ste jiergong, nr. 2, maart/april 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De âldste films dy't yn Fryslân makke binne, datearje út de jierren tsien fan de foarige iuw. It binne losse peareltsjes en skrille kontrasten mei de stream technysk perfekte digitale bylden fan no. It bewarjen, konservearjen en ûntsluten is in moaie taak fan it Fries Film Archief.
Fryslan jan feb 2015

Koel mar romantysk

(21ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Hendrik Straat: om de safolle jier stiet er wer eefkes yn de belangstelling en dat feroaret net om't hy de sjirurch wie dy't yn 1954 de Siameeske twilling Tjitske en Folkje út Mûnein suksesfol skiede. De operaasjekeamer wie fol mei filmmakkers en hyt fanwege har lampen. Dat wie noch it dreechste fan de yngreep, sa fertelde de dokter de manmachtich opkommen parse.
Fryslan nov dec 2014

In slim kâlde breawinning

(20ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2014)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

By it begjin fan de ûntdekkingsreizen fan Nederlanners, ein 16de iuw, wie al gau dúdlik watfoar ôfgryslike winsten behelle wurde koenen mei produkten dy't Azië wol fuortbrocht en dy't wy, benammen op tafel, bot misten. Mar de tocht nei de East wie lang en gefaarlik.
Fryslan sept okt 2014

Wat Friezen ieten

(20ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2014)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Deistige saken wurde gau sleur: we steane der te min by stil, meitsje der bygelyks noait foto’s fan, en beskriuwe se likemin. Histoarysk ûndersyk wurdt der lokkigernôch hieltyd mear nei dien want ‘Alledaagse geschiedenis’ is populêr.