Algemiene ledegearkomste op woansdei 29 juny 2022

UTNUGING

It bestjoer fan it Keninklik Frysk Genoatskip nûget jo út foar de Algemiene ledegearkomste op woansdei 29 juny 2022 om 19.45 oere. De gearkomste is yn it Fries Museum, Wilhelminaplein 92, 8911 BS Ljouwert. De wurklist stiet hjirûnder.

Anne Goaitske Breteler. Walvisvaarders

Nei it saaklike part hâldt publykshistoarika Anne-Goaitske Breteler de lêzing ‘Publieksskiednis yn Fryslân’. Dêryn giet se yn op twa foarbylden dêr't se har de ôfrûne jierren mei dwaande hâlde. It earste is de skiednis fan de nei-oarlochske walfiskfeart. Fan 1946 oant 1964 waard út Nederlân wei wer op walfisken jage. Se ynterviewde inkelde Fryske walfiskfarders dy't op fabryksskip Willem Barendsz wurken. Oan de hân fan har ferhalen (op skrift en audio-opname) dielt se har reis. In oar ûndersyk giet oer har nije boek oer de geastlike sûnens op it plattelân. Dat lit sjen hoe’t yn Fryslân eartiids en no mei minsken omgien wurdt dy’t krekt oars binne, lykas de doarpsgek, mar ek hoe’t men omgiet mei de tsjinslaggen yn it libben. Der binne foarbylden út de argiven fan it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer en ynterviews mei ûnderfiningssaakkundigen yllustrearje de ferhalen.

Jo oanwêzigens wurdt bysûnder op priis steld!

Ut namme fan it bestjoer

Ritske Mud (sekretaris)

 

WURKLIST

1. Iepenjen en fêststellen fan de wurklist
2. Meidielings
3. Ferslach Algemiene Ledegearkomste fan 29 septimber 2021
4. Jierferslach fan de skriuwer oer 2021
5. Taljochting fan de ponghâlder op de jierrekken oer 2021
6. Ferslach kaskommisje en beneaming nije leden kaskommisje
7. Fêststellen jierrekken en desjarzje fan it bestjoer
8. Begrutting 2023 en fêststellen kontribúsje 2023
9. Nijs oer it Fries Museum en de kolleksje fan it Genoatskip, troch de direkteur fan it Fries Museum
10. Omfreegjen
11. Skoft
12. Lêzing ‘Publyksskiednis yn Fryslân’ troch Anne-Goaitske Breteler
13. Sluten

De stikken, it jierferslach 2021, de jierrekken oer 2021 en de begrutting foar 2023 binne te besjen fia de links yn de wurklist hjirboppe en op de webside (ûnder it tabblêd It Genoatskip en dan kopke ANBI).Se lizze op de ALV op besjen útprinte yn de seal.