'De Schoterlandse Jordaan'

(28ste jiergong, nr. 2, maart/april 2022)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn de streek lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, fan De Knipe oant Jobbegea, hawwe sa'n 140 joadske flechtlingen yn ûnderdûk de oarloch oerlibbe. It slagjen derfan hong ôf fan 'e swijende stipe fan 'e befolking. Dit ‘Volk zonder uren’ hie in anargistysk-kommunistyske ynslach en Hendrik Marcus de Jong wie dêr it boechbyld fan. Dizze gernier waard de legindaryske held fan de fersetsbeweging. Kerst Huisman beskriuwt hoe’t de streek ûnder syn besieljende lieding útgroeie koe ta de ‘Schoterlandse Jordaan’. Johannes Jelles Koopmans wie in echte âlderwetske fergaderboer, fier bûten syn thús lâns de Snitser Aldfeart bekend. Hy wie bestjoerslid fan de Friese Maatschappij van Landbouw, de CAF, it suvelfabryk Skearnegoutum, it wetterskip, de Boerenleenbank en de iisklup. En hy skreau graach histoarjestikjes. In skets troch syn oerpakesizzer. Foar it tsjutten fan de obsesje fan de Fryske adel foar besitsbehâld en bygefolch in sterk stjoerde houlikspolityk, is it ferhaal fan de bewenners fan Hinnema State yn Jelsum in prima kasus, sa bewiist Yme Kuiper.

Lêste online nûmers