
KFG-Sieperda-sympoasium
Yn 2008 krige it Keninklik Frysk Genoatskip goed oardel miljoen euro út it erfskip fan mr. Syds Harold Sieperda (Assen, 16.01.1918 – De Haach, 30.01.2008), lid fan it Genoatskip en âld-presidint fan it Gerjochtshôf yn De Haach. Syn foarâlden kamen út de Súdwesthoeke. Hoewol’t er altyd bûten Fryslân wenne hat, fielde hy him tige betrutsen by it lân fan syn foarteam. Nei’t alles regele wie, hat it doetiidske bestjoer besletten om binnen de begrutting fan it Genoatskip in ‘Sieperda Fûns’ op te fieren en syn namme te ferbinen oan sympoasia dy’t it Genoatskip organisearret, faak yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries en eventueel mei partners lykas Tresoar en de Fryske Akademy.
Besjoch hjirûnder watfoar sympoasia oant no ta organisearre binne, wat it tema wie en wa't de sprekkers wienen.

KFG-Sieperda-sympoasium 2025: Ferlet fan ferbining: Fryske kontakten, 1925-2025

KFG-Sieperda-sympoasium 2024: UNESCO Erfgoed yn Fryslân: Seine of Lêst?

KFG-Sieperda-sympoasium 2023: 2000 jier Friezen en har lânskip

KFG-Sieperda-sympoasium 2022: Fan nijsblêd oant podcast – oer nijskultuer yn Fryslân

KFG-Sieperda-sympoasium 2019: De legacy fan Redbad: Kening fan alle Fryslannen fan de midsiuwen ôf oant no

