
KFG-Sieperda-sympoasium
Yn 2008 krige it Keninklik Frysk Genoatskip goed oardel miljoen euro út it erfskip fan mr. Syds Harold Sieperda (Assen, 16.01.1918 – De Haach, 30.01.2008), lid fan it Genoatskip en âld-presidint fan it Gerjochtshôf yn De Haach. Syn foarâlden kamen út de Súdwesthoeke. Hoewol’t er altyd bûten Fryslân wenne hat, fielde hy him tige betrutsen by it lân fan syn foarteam. Nei’t alles regele wie, hat it doetiidske bestjoer besletten om binnen de begrutting fan it Genoatskip in ‘Sieperda Fûns’ op te fieren en syn namme te ferbinen oan sympoasia dy’t it Genoatskip organisearret, faak yn ’e mande mei de redaksje fan De Vrije Fries en eventueel mei partners lykas Tresoar en de Fryske Akademy.
Besjoch hjirûnder watfoar sympoasia oant no ta organisearre binne, wat it tema wie en wa't de sprekkers wienen.

KFG-Sieperda-sympoasium 2016: Grave nei de woartels fan de Fryske kennisekonomy

KFG-Sieperda-sympoasium 2014: Hoe fierder mei de Fryske media?

