Op dit plak fertelle we ferhalen by bysûndere kolleksjestikken.
Geregeld ferskine hjir nije ferhalen.

U0201 Orrery planetarium

Orrery

Dit prachtich útfierde planetarium - dat bewarre wurdt yn Museum Martena yn Frjentsjer - is makke foar de riken fan de ierde, dy’t gasten fermeitsje wolle mei in demonstraasje fan ús sinnestelsel. In ‘orrery’ wurdt it neamd, nei de greef fan Orrery, dy’t de earste wie dy’t sa’n wûnderlik ynstrumint yn syn besit hie. It is yn dan ek yn Ingelân makke en yn Nederlân yn in moaie iken kast mei lytse rútsjes set. Ast in rútsje iependochst, kinst oan in swingel draaie en útlis jaan.

In orrery lit de planeten sjen en de baan dy't se om de sinne draaie. De sinne draait sels ek om syn as. Yn de achttjinde iuw is it hiel gewoan om by besites gesellichheid te fermingen mei wittenskip. Dit planetarium komt út it besit fan prinses Anna van Hannover. Har soan, steedhâlder Willem V, jout it ynstrumint yn 1785 kado op de jierdei fan de Frjentsjerter universiteit.

 

huwelijkshart Z08959

In sulveren houlikshert

Dit kroande sulveren hert, trochboarre mei fergulde pylken, is 7,5 sintimeter grut. It is in lyts ding, fan in oansteande brêgeman foar syn beëage breid. Net foar Jan-mei-de-pet, mar foar hiel rike minsken. Op it hert is in spreuk gravearre: ‘De liefde maeckt het paeren soet, als trouwheyt liefde blijken doet’. Alles leuk en aardich mei de ferealens, mar der moat wol trou by komme te sjen. Op de achterkant stiet dan ek ‘Liefde ist begin, dat alles gaet te boven. Want waer geen liefde is, daer kan men Godt niet loven'.

Dat heart minder hertstochtlik, en dat is ek krekt de bedoeling: it giet úteinlik net om de hertstochtlike leafde, mar om ûnwankelbere houlikssleafde dêr't in húshâlding út fuortkomt. Net foar neat lit de ôfbylding op de achterkant in mem sjen mei in poppe yn in widze. Bern binne it doel yn de santjinde iuw, om de famyljenamme en it famyljekapitaal feilich te stellen. It is dus net de bedoeling dat jongelju fan har leaf samar har libbenspartner winskje te meitsjen. Duco Martena van Burmania en Edwer van Juckema ûnderfine de lilkens fan har famylje as se ‘te bedde gaan’, dus hertstocht boppe houlikspolityk gean litte. It houlik is in saaklike oerienkomst, by foarkar mei bestindige leafde ta gefolch.

V1939 230

Silinderfoarmige, bûgde breidskie mei platte sturt

De breidskie is yn ûnbrûk rekke, mar wie oant yn de tweintichste iuw in populêr helpstik by it breidzjen. Der binne allegearre útfieringen: yn sulver of mei prachtich houtsnijwurk. Guon binne rjocht, dit eksimplaar is bûgd. De breidskie waard troch manlju likegoed as froulju brûkt en soarge derfoar datst lekker opsjitte koest, sels ast eins wat oars om hannen hiest, lykas skiep hoedzje of in bern oan it boarst. It koe tusken de bân fan de skelk of de broek stutsen wurde. De breidpriem (sûnder dop) waard yn in gatsje oan de útein stutsen en hie sa hâldfêst.

Yn Afke’s tiental beskriuwt Nynke van Hichtum hoe’t de suskes Boukje en Sietske elk tolve toeren deis breidzje moatte. Se brûke in ienfâldige breidskie fan in stik lear, opfolle mei houten stokjes, dêr’t de breidpriem yn stutsen wurdt. Van Hichtum sjocht yn de breidskie ek de oarsaak fan in brike hâlding fan de doarpsbern.

S1964 186

Portret fan Sophia Anna van Pipenpoy, vrouwe van Merchten

Der is al in soad skreaun oer de noas fan dizze Sophia Anna van Pipenpoy, dus dêr sille we it no net oer hawwe. Wy sjogge Sophia Anna hjir op in portret troch de frijwat ûnbekende skilder L.F. Woutersin út 1628. Sophia Anna van Pipenpoy wurdt berne yn of om 1618 hinne op Liauckemastate. Har heit komt út West-Brabân, no België, dêrom de net al te botte Fryske namme.

De skilder Woutersin kenne wy as de skilder fan ien oar portret, ek op monumintaal formaat: fan Saapke van Vervou út Frjentsjer. Woutersin is net de bêste skilder, mar hy jout wol in prachtige yndruk fan de moade, juwielen en strúsfearren waaier dy't Sophia Anna draacht. In fraachstik by dit portret is wol: sjogge wy hjir echt in tsienjierrich famke? Se liket al folle âlder. Mar dat kin in Woutersin-effekt wêze: ek Saapke van Vervou liket as achttjinjierrige earder fan middelbere leeftiid.
Op lettere leeftiid wurdt Sophia Anna van Pipenpoy noch in pear kear skildere en dan sjogge we libbensechte portretten, mei dy karakteristike noas...