{"id":14516,"date":"2025-07-30T19:30:03","date_gmt":"2025-07-30T17:30:03","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=14516"},"modified":"2026-03-21T14:40:32","modified_gmt":"2026-03-21T13:40:32","slug":"restauratieraadsels-bij-portretten-wybrand-de-geest","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/restauratieraadsels-bij-portretten-wybrand-de-geest\/","title":{"rendered":"Restauraasjeriedsels by portretten Wybrand de Geest"},"content":{"rendered":"<p>Skiednis wurket troch yn it no, dat bewiist dit simmern\u00fbmer fan <em>Frysl\u00e2n<\/em>. Nim no Nederl\u00e2nsk-Ynje, of Yndonezi\u00eb. De Ynjegongers yn it tiidrek 1945-1949 \u2013 de pynlike oergongsperioade fan de iene namme nei de oare \u2013 bedarren \u00fbnder it mom fan oarder- en rjochtsherstel yn in suvere koloniale oarloch. Elkenien \u2013 sels dy\u2019t wegeren \u2013 is der traumatisearre \u00fat weromkaam. Tsjinstplichtige Ynjegongers moatte har tachtich jier nei dato noch altyd ferdigenje foar wat mear as oait as oarlochsmisdieden beoardiele wurde. In soad fan har wrakselen mei trauma\u2019s. Lykas Riemer Riemersma, sa\u2019n bytsje de earste dy\u2019t se al yn 1966 fan him \u00f4fskreau, al realisearre gjinien him oant foar koart hoe histoarysk betiid oft er d\u00earmei wie.<br \/>\nDe jonges oan de oare kant, de Ynjewegerers, wurde hieltyd faker oan de \u2018goede kant\u2019 fan de skiednis pleatst. Har striid foar earherstel, de prinsipi\u00eble kar dy\u2019t se doe mei in flinke finzenisstraf bekeapje moasten, is ek noch hieltyd net striden.<br \/>\nWe sjogge foar\u00fat nei <em>Wybrand de Geest, meesterlijke portretten<\/em>, de grutte eksposysje dy\u2019t op 6 septimber iepenet yn it Fries Museum dat alle registers iepenl\u00fbkt om it wurk fan de \u2018Fryske Rembrandt\u2019 in poadium te bieden. Fia de eksposysjemakkers krije wy in moaie blik yn de keuken fan dit projekt w\u00earby\u2019t ek kolleksjestikken fan it KFG wer yn it ljocht set wurde.<br \/>\nTa besl\u00fat it portret fan keunstner en aktiviste Anneke van der Feer, de earste fan yn totaal tsien bio\u2019s dy\u2019t we de kommende edysjes bringe, foar\u00fatrinnend op it projekt \u2018200 Fryske Froulju\u2019 fan it KFG yn jubileumjier 2027. Har wurk wie te lang yn de spelonken fan in troch manlju dominearre maatskippij. Se is lang de iennige net, sa sil \u00fat dizze searje helder bliken dwaan.<\/p>\n<p class=\" translation-block\"><em>Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (<\/em><a href=\"mailto:redactie@htfryslan.nl\"><em>redactie@htfryslan.nl<\/em><\/a><em>) of op \u00fas social media<\/em><em>.<\/em>\n\n\u00a0\n\n\u00a0<\/p>\n<p>&nbsp;<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Skiednis wurket troch yn it no, dat bewiist dit simmern\u00fbmer fan Frysl\u00e2n. Nim no Nederl\u00e2nsk-Ynje, of Yndonezi\u00eb. De Ynjegongers yn it tiidrek 1945-1949 \u2013 de pynlike oergongsperioade fan de iene namme nei de oare \u2013 bedarren \u00fbnder it mom fan oarder- en rjochtsherstel yn in suvere koloniale oarloch. Elkenien \u2013 sels dy\u2019t wegeren \u2013 is der traumatisearre \u00fat weromkaam. Tsjinstplichtige Ynjegongers moatte har tachtich jier nei dato noch altyd ferdigenje foar wat mear as oait as oarlochsmisdieden beoardiele wurde. In soad fan har wrakselen mei trauma\u2019s. Lykas Riemer Riemersma, sa\u2019n bytsje de earste dy\u2019t se al yn 1966 fan him \u00f4fskreau, al realisearre gjinien him oant foar koart hoe histoarysk betiid oft er d\u00earmei wie.<\/p>","protected":false},"author":3,"featured_media":14527,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[878],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/14516"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/3"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=14516"}],"version-history":[{"count":3,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/14516\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":14580,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/14516\/revisions\/14580"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/14527"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=14516"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=14516"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=14516"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}