{"id":7853,"date":"2014-05-29T12:14:06","date_gmt":"2014-05-29T10:14:06","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7853"},"modified":"2020-12-29T12:16:33","modified_gmt":"2020-12-29T11:16:33","slug":"wereldspeler-in-aardappels","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/wereldspeler-in-aardappels\/","title":{"rendered":"Wr\u00e2ldspiler yn ierappels"},"content":{"rendered":"<p>It is in mearke dat Marijke Muoi as earste yn Frysl\u00e2n ierappels iet, yn 1742. Wol wie dat in t\u00fbke reklameset: as ien fan foarstlik bloed dizze nuvere knol iet, moast se wol feilich w\u00eaze. Yn werklikheid waarden ierappels al desennia foar Marijke Muoi iten; it wie relatyf goedkeap folksiten, dat net folle easken oan gr\u00fbn en klimaat stelde. S\u00fbnt \u00fbndergie dizze teelt in soad hichte- en djiptepunten oant se him benammen yn de Fryske klaaistreek \u00fbntwikkele ta in ekonomyske faktor fan formaat.<\/p>\n<p>Hoe't dat sa kaam is, is in nijsgjirrige fraach, hielendal d\u00ear't it de teelt fan poaters oangiet. Fansels spylje boaiemkwaliteit en it tichtby w\u00eazen fan de see in rol, mar de ynfloed fan de minske is grif sa belangryk. Bys\u00fbnder is dat modernisearring, meganisearring, produktfernijing en it eksploitearjen fan nije \u00f4fsetgebieten waarden oanjage troch stypjende bedriuwen, net troch de boeren sels. It byld is dat de hannelers al foar de oarloch yn auto\u2019s omrieden, mar dat de boeren noch oant fier nei 1945 mei hynders wurken.<br \/>\nIt beskrriuwen fan de skiednis fan de Fryske l\u00e2nbou is matich \u00fbntwikkele: wylst de sektor ek hjoed likegoed wat suvel as l\u00e2nbou oanbelanget fan grut ekonomysk belang foar Frysl\u00e2n is, h\u00e2lde mar in bytsje minsken har dwaande mei histoarysk \u00fbndersyk derfan. Dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> docht in set yn de goede rjochting mei mar leafst fiif artikels oangeande it tema de Fryske ierappel. Fjouwer fan de fiif auteurs binne bern fan de ierappelstreek.<\/p>\n<p>Fierder freget Jan van Zijverden him \u00f4f hoe't dat ek wer siet mei de mummys fan Wiuwert en de anty-ierdstrale-ekspert Bron (waans bedriuw noch altyd aktyf is), gidst Hans Koppen \u00fas l\u00e2ns de \u00e2lde tramline De Jouwer-Snits oan de h\u00e2n fan wat we noch l\u00e2ns it trasee fine kinne en lit Frank van der Velden in moaie foto fan it park fan Rinsma State \u00fat it besit fan it Fries Museum sjen.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>It is in mearke dat Marijke Muoi as earste yn Frysl\u00e2n ierappels iet, yn 1742. Wol wie dat in t\u00fbke reklameset: as ien fan foarstlik bloed dizze nuvere knol iet, moast se wol feilich w\u00eaze. Yn werklikheid waarden ierappels al desennia foar Marijke Muoi iten; it wie relatyf goedkeap folksiten, dat net folle easken oan gr\u00fbn en klimaat stelde.<\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7855,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[219],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7853"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7853"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7853\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7855"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7853"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7853"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7853"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}