{"id":7857,"date":"2014-03-29T12:17:24","date_gmt":"2014-03-29T11:17:24","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7857"},"modified":"2022-06-21T10:01:57","modified_gmt":"2022-06-21T08:01:57","slug":"de-bloei-van-fries-toneel","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/de-bloei-van-fries-toneel\/","title":{"rendered":"De bloei fan Frysk toaniel"},"content":{"rendered":"<p>Frysl\u00e2n h\u00e2ldt fan toaniel: hast elk doarp hat syn eigen selskip, fan Achlum oant Ysbrechtum. Jobbegea telt der sels fjouwer. De measte spylje yn it Frysk. Mar leafst 138 selskippen binne oansletten by de Stichting Amateurtoaniel Frysl\u00e2n dy't opliedingen biedt en wedstriden h\u00e2ldt om de kwaliteit te ferbetterjen. Dy Frysktalige toanielkultuer beg\u00fbn om 1860 hinne doe't yn Koarnjum de earste toanielferiening oprjochte waard. Al warber s\u00fbnt de 19de iuw binne de selskippen Halbertsma fan Wergea, Tesselschade fan Hurdegaryp en Rjucht en Sljucht fan De Tynje. Nei de Twadde Wr\u00e2ldoarloch wurdt de kym lein foar in profesjoneel te\u00e4terselskip en yn 1965 \u00fbntstiet de foarrinner fan Tryater, it \u00e2ldste beropstoanielselskip yn Nederl\u00e2n. Takom jier fiert Tryater it gouden jubileum.<\/p>\n<p>Yn dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> jouwe we omtinken oan in tal aspekten fan dit bys\u00fbndere ferskynsel fan Fryske kultuer, it toaniel. Bouke Oldenhof beskriuwt de earste stappen fan Tryater nei in profesjoneel selskip. Anne Schumacher fertelt oer syn twadde libben as spiler by It Huzumer Toaniel. Jelle Krol sketst it suksesfolle \u2018priissprekken\u2019 dat yn de 19de iuw in soad publyk luts. En Doeke Sijens giet yn op it sukses fan Fryske boeken op it poadium.<\/p>\n<p>We begjinne yn dit n\u00fbmer ek mei twa nije rubriken. Yn Historici in Friesland fertelle skiedkundigen oer wat har beweecht yn har \u00fbndersiken en publikaasjes en d\u00earmei wat Fryske skiednis foar har sa bys\u00fbnder makket. Yn de earste \u00f4flevering komt dr. Han Nijdam, wurksum by de Fryske Akademy, oan it wurd. Yn de earste bydrage fan Schatten van stinsen fertelt Ruud Spruit oer Dekema State en w\u00earom't de skriuwer Havank d\u00ear sa graach wie.<br \/>\nEk yn dizze \u00f4flevering: Dennis Worst syn \u00fbndersyk nei de agraryske ferfeaningen, in bys\u00fbndere foto \u00fat Nij Beets en de ein fan de kantonrjochtspraak yn Snits.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Frysl\u00e2n h\u00e2ldt fan toaniel: hast elk doarp hat syn eigen selskip, fan Achlum oant Ysbrechtum. Jobbegea telt sels fjouwer. De measte spylje yn it Frysk. Mar leafst 138 selskippen binne oansletten by de Stichting Amateurtoaniel Frysl\u00e2n dy't opliedingen biedt en wedstriden h\u00e2ldt om de kwaliteit te ferbetterjen.<\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7859,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[220],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7857"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7857"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7857\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":10776,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7857\/revisions\/10776"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7859"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7857"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7857"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7857"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}