{"id":7861,"date":"2014-01-29T12:21:39","date_gmt":"2014-01-29T11:21:39","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7861"},"modified":"2020-12-29T12:24:03","modified_gmt":"2020-12-29T11:24:03","slug":"de-wanhoop-van-1914-1918","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/de-wanhoop-van-1914-1918\/","title":{"rendered":"De wanhoop fan 1914-1918"},"content":{"rendered":"<p>Yn Europa is in enoarme stream betinkingen oan de Earste Wr\u00e2ldoarloch op gong kommen. Yn Nederl\u00e2n, en hielendal by \u00fas yn Frysl\u00e2n, is dat in stik minder. De 'Grutte Oarloch' is hjir yn it ferjitboek rekke. Slimmer noch: de measte Friezen witte inkeld de namme fan Mata Hari te neamen as it om '1914-1918' giet. Mefrou Margaretha Zelle hat yn Parys lykwols net it minste idee h\u00e2n fan wat him yn har berteprovinsje \u00f4fspile. De belangrykste Fries \u00fat dy perioade is de Ljouwerter Folkert Posthuma, yn hast de hiele oarloch minister fan Landbouw, Handel en Nijverheid.<\/p>\n<p>Nederl\u00e2n bleau neutraal, rekke yn panyk doe't de oarloch \u00fatbruts en seach 200.000 mobilisearren fan de iene op de oare dei fuortgean nei faak geheime kampeminten, yn bange \u00f4fwachting, mar pakte it libben wer op doe't de D\u00fatsers \u00fas grinzen mijden. Nei in skoft fan hamsterjen, oarlochswinsten, en swarte merk wurdt de tast\u00e2n begjin 1917 slim as D\u00fatsl\u00e2n de \u00fbnbeheinde d\u00fbkboatoarloch \u00fatropt en krapte taslacht. Folkert Posthuma is dyjinge dy't mei hurde h\u00e2n besiket it bytsje iten dat der is earlik te ferdielen en hy wurdt d\u00earmei it symboal fan rantsoenearring, krapte oan iten en honger. Yn de strjitten sjonge de bern 'Minister Posthuma zijn vrouw is dood, ze is gestikt in het regeringsbrood'. Ek yn Frysl\u00e2n moat de plysje demonstraasjes en protesten yn de kym smoare. Dat in pear h\u00fbndert kilometer fierderop dei yn, dei \u00fat 6.000 soldaten it libben litte yn in sinleaze barbarij, komt wol binnen, mar elk hat hjir sa syn eigen soargen.<\/p>\n<p><em>Frysl\u00e2n<\/em> wol mei in searje artikelen dizze fergetten skiednis wer boppe wetter helje.<\/p>\n<p>Ek yn dizze \u00f4flevering: de Hearrenfeanske Hepkema's Boschjes, tusken wenwyk, klaverbl\u00ead, \u00e2lde Thialfbaan, skoallen, mar noch altyd in bys\u00fbnder boskje.<\/p>\n<p>En in moaie fynst fan wittenskipper Oebele Vries oer de betide jierren fan de Fryske Steaten; \u00fatfiner\/pionier Folkert van Loon en syn betsjutting foar de skipsbou; in h\u00e2npin as terpfynst en de De Wit-plattegr\u00fbn fan Snits.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Er is in Europa een enorme stroom herdenkingen aan de Eerste Wereldoorlog op gang gekomen. In Nederland, en zeker bij ons in Friesland, is dat een stuk minder. De &#8216;Grote Oorlog&#8217; is hier in de vergetelheid geraakt. Erger nog: de meeste Friezen weten alleen de naam van Mata Hari te noemen als het om &#8216;1914-1918&#8217; gaat. <\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7863,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[221],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7861"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7861"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7861\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7863"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7861"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7861"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7861"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}