{"id":7876,"date":"2013-11-30T12:11:52","date_gmt":"2013-11-30T11:11:52","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7876"},"modified":"2020-12-30T12:14:58","modified_gmt":"2020-12-30T11:14:58","slug":"de-keuzes-van-1813","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/de-keuzes-van-1813\/","title":{"rendered":"De kar fan 1813"},"content":{"rendered":"<p>Dit en de kommende twa jier wurdt in soad omtinken bestege oan \"200 jier keninkryk\". \"1813\" is in belangryk jier yn \u00fas skiednis. It jildt as in nije start op de p\u00fanheapen fan de Fr\u00e2nske Tiid. Feitlik betinke we twa iuwen Oranje op de troan en, min ofte mear, twa iuwen desintraal bestjoerde naasjesteat as refleks op de gaos dy't de \u00e2lde Republyk der mei har gewestlik spul en gedoch fan makke hie. Dizze f\u00eastbakte swartwyt-tsjinstelling bepaalt de feestlikheid fan no. Fraach is oft dy hosannah terjochte is, oft we \u00fas net tefolle liede litte troch it byld dat achter\u00f4f \u00fbntstien is. Komt dat wol oerien mei de histoaryske werklikheid? En, wat \u00fas oangiet: die doedestiids 'de Fryske skiednis' net mear mei om de takomst foarm te jaan? Hie se \u00f4fdien as ynspiraasjeboarne? Of spannen de frisisten har yn om de gewestlike eigenheid mear folume en heroyk te jaan, as ekstra argumint tsjin it fuortjaan fan de soevereiniteit oan \"Den Haag\"?<\/p>\n<p>Dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> reflektearret de kar fan doe tsjin de achtergr\u00fbn fan syn alternativen, al dan net fuortkaam \u00fat persoanlike belangen en stive \u00e2lde prinsipes. En: hoe Frysk koenen de federativen w\u00eaze nei't eins al yn 1801 \u00fbnder swiere Fr\u00e2nske druk it pleit besljochte wie en de k\u00e2ns op gewestlike soevereiniteit sa goed as oer wie? Jacques Kuiper, promovearre op it \u00fbnderwerp, Philippus Breuker, op dit m\u00ead hast publisist te neamen, en Peter de Haan, drok mei it ferhaal fan de befrijing fan de Fr\u00e2nsen, litte yn fjouwer artikelen har ljocht skine op in nijsgjirrige faze fan \u00fas skiednis.<\/p>\n<p>As in soarte fan oankundiging fan in letter teman\u00fbmer oer de Fryske film, in koart artikel fan Syds Wiersma fan it Fries Film Archief. Fierder fertelt Nelleke IJssennagger oer de opfallende Joost Swarte-strip yn it Fries Museum, is der omtinken foar in moaie \u00fatjefte oer histoaryske f\u00eastingwurking yn it Noarden, de fermerking fan de Kanon fan de Fryske Skiednis fia de Omrop, en beljochtet Doeke Sijens de meast folkse fan de Fryske Bewegers, Waling Dykstra.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Dit en de komende twee jaar wordt veel aandacht besteed aan &#8220;200 jaar koninkrijk&#8221;. &#8220;1813&#8221; is een belangrijk jaar in de vaderlandse geschiedenis. Het geldt als een nieuwe start op de puinhopen van de Franse Tijd. <\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7878,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[222],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7876"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7876"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7876\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7878"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7876"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7876"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7876"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}