{"id":7900,"date":"2012-11-30T12:45:34","date_gmt":"2012-11-30T11:45:34","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7900"},"modified":"2022-06-07T15:49:57","modified_gmt":"2022-06-07T13:49:57","slug":"de-oude-friese-zeehandelsvaart","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/de-oude-friese-zeehandelsvaart\/","title":{"rendered":"De \u00e2lde Fryske seehannelsfeart"},"content":{"rendered":"<p>Nederl\u00e2n is in seefarrend l\u00e2n, al iuwen en iuwen lang. Frysl\u00e2n is dat, as kustprovinsje by \u00fatstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend l\u00e2n witte we eins noch net folle fan \u00fas maritime skiednis. Sa fertoant de kennis fan de ekonomyske betsjutting fan de seehannel op it Baltikum -dat de gr\u00fbn lei foar \u00fas wolfeart- noch in soad gatten. Troch it hurde wurkjen fan de klerken fan de Deenske kening komt d\u00ear stadichoan ferbettering yn. Fan 1497 oant 1857 h\u00e2lden se ta geunste fan de tolheffing foar de kening yn de Sont presys by wat foarbykaam, sa'n 1.800.000 skipsbewegingen. Leafst 700 tsjokke, h\u00e2nskreaune bannen melde skippers, har wenplak, lading, skipstype, kom\u00f4f, bestimming. Tresoar en de Ryksuniversiteit Grins binne no hast trije jier dwaande dizze grutte berch gegevens te digitalisearjen (sjoch <a href=\"http:\/\/www.soundtoll.nl\" target=\"_blank\" rel=\"noopener\">www.soundtoll.nl<\/a>) sadat wittenskippers en sneupers statistyske analyzes \u00fatfiere kinne en d\u00earmei nije ferbannen lizze.<\/p>\n<p>Dat is ek foar it \u00fbndersyk nei de skiednis fan de Fryske skipfeart fan belang. Ommers: by krapte oan steapelfunksje yn \u00fas havens en s\u00fbnder achterl\u00e2n fan belang is hjir amper kennis beskikber om better ynsjoch te krijen yn dit dochs spannende aspekt fan \u00fas Fryske ferline.<\/p>\n<p>Yn dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> steane artikelen dy't oer de kennis geane. Hanno Brand, wittenskipper by de Fryske Akademy en belutsen by it Sonttol-projekt en foaral ek mei de saneamde Sailing Letters (dokuminten fan troch de Ingelsen kaapte Fryske skippen), skreau in moai oersjoch fan de iermoderne Fryske seefeartskiednis. Ben Stenekes is al jierren drok dwaande einleaze analyzes te meitsjen fan de w\u00fbnderlik grutte rederskoloanje op Flyl\u00e2n. Einlings kin er hjiroer publisearje. De skiednis fan East-Flyl\u00e2n blykt alles te krijen te hawwen mei de striid fan de wettergeuzen. Jelle Jan Koopmans is drok mei promoasje-\u00fbndersyk op gr\u00fbn fan de gegevens fan de Sonttolanalyzes. Hy skriuwt oer de famylje Kingma fan Makkum; suksesfolle skippers en reders. En de bydrage fan Hugo ter Avest giet oer de s\u00fbnder mis belangrykste seehaven, Harns.\n\nYn de rubriken in spannend ferhaal oer de aparte libbensrin fan wyldebras Tjalling Terpstra, Frysk Beweger yn in soad opsichten. In spektakul\u00ear libben mei nuvere saken krige in sensasjoneel ein. En wat te tinken fan it koppige folh\u00e2lden fan Anne Bajema, \u00fatfiner fan in revolusjon\u00eare melkmasine? Him lake oan de hoarizon ivige rom en wolfeart ta, mar de ein wie fertrietlik. En wat hat de oerfloedige \u00e2lde Fryske petiele eins te krijen mei de Fryske taalstriid? En mei Simke Kloosterman? In bys\u00fbnder hoekje yn it depot fan it Fries Museum is ynrjochte foar de saneamde 'donderbeitels' \u00fat it l\u00e2n fan jonker Van Swinderen yn Gaasterl\u00e2n, by Riis. Lang waard tocht oan it iennige Fryske huneb\u00ead. Mar neier \u00fbndersyk wiisde \u00fat dat it om in folle seldsumer stienkiste giet. Eelke Lok mei graach de geasten yn Frysl\u00e2n prikelje mei in skerpe stelling. Faak h\u00e2ldt er \u00fas in spegel foar. No liket er tydlik l\u00east te hawwen fan wat mismoedigens: Frysl\u00e2n sliept! Mar Eelke sil net neilitte \u00fas gau wer wekker te skodzjen.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Nederl\u00e2n is in seefarrend l\u00e2n, al iuwen en iuwen lang. Frysl\u00e2n is dat, as kustprovinsje by \u00fatstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend l\u00e2n witte we eins noch net folle fan \u00fas maritime skiednis.<\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7901,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[228],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7900"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7900"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7900\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":10758,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7900\/revisions\/10758"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7901"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7900"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7900"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7900"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}