{"id":7914,"date":"2012-03-30T13:22:06","date_gmt":"2012-03-30T11:22:06","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7914"},"modified":"2020-12-30T13:24:20","modified_gmt":"2020-12-30T12:24:20","slug":"bevallen-en-opstaan","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/bevallen-en-opstaan\/","title":{"rendered":"Befalle en oerein komme"},"content":{"rendered":"<p>It kreamb\u00ead hat iuwenlang in boarne fan grutte bliidskip en bot fertriet west. Tal nij libben stoar wer gau, in frou oan it befallen wie yn grutte \u00fbnwissichheid oft se de befalling oerlibje soe. De risiko's wienen grut, de kennis fan komplikaasjes lyts. Oant fier yn de 19de iuw wie it mei de hygi\u00ebne by berten striemin steld en dienen froedmasters en froedfroulju soms mear ferkeard as goed. Der binne h\u00fash\u00e2ldingen d\u00ear't oant fjouwer kear ta in 'Tryntsje' of 'Douwe' berne waarden.<br \/>\nYn dit maartn\u00fbmer fan <em>Frysl\u00e2n<\/em> in tal boeiende artikelen oer befalle en (soms noait mear) oereinkomme, oer metoaden hoe't froulju fan in bern befoelen (sittend, steand, yn wetter, lizzend, yn de hoksen), watfoar gefaren drigen, watfoar soms aaklike techniken br\u00fbkt waarden by de letterlik te nimmen \"ferlossing\" en wat de rol fan de omstanners wie. Sintraal stiet de frou, yn in libbensfaze dy't frjemd gen\u00f4ch lang troch manlju dominearre is.<\/p>\n<p>By it krijen fan bern binne in soad mystifikaasjes en taboes. Aldere bern krigen de nuverste ferklearringen fan w\u00ear't poppen wei kamen. Holle beammen en earrebarren prikelen blykber de bernefantasy. Yn Burgum en omkriten kamen poppen \u00fbnder de poppestien by de tsjerke wei, dat wist elkenien. Toppunt yn dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> is de print mei in kreamfrou yn in bedstede, mei de froedfrou d\u00earfoar, dy't triomfantlik in poppe \u00fat in grutte griene koal foar it ljocht hellet. De frou yn pine op de achtergr\u00fbn liket neat mei dizze g\u00fbchelact te krijen te hawwen. Om 1900 hinne lit dokter Petrus de Vries fan Easterein in k\u00fbveuze meitsje troch in pleatslike timmerman. Te betiid berne bern kinne d\u00earyn oansterkje. Frjemd gen\u00f4ch is it ferset tsjin dizze nijmoadrichheid grut. In ferhaal oer in pionier. Oangeande it ferlossen wie lang konkurrinsjestriid tusken dokters en froedfroulju. Yn Frysl\u00e2n kenne we in tal bys\u00fbndere persoanen: Hendrik van Deventer, Catharina Schrader en Petrus Camper.<\/p>\n<p>Fierder yn dizze edysje \u00fatlis oer de 'Tynje' by Grou, in smelle trochstek tusken Pikmar en Peanster Ie. It wurd 'Tynje' komt ek op in oar plak foar. In syktocht nei de betsjutting. Ek it \u00fbnbekende ferhaal fan Ulke Brolsma, foaral bekend as heit en mentor fan syn soan Reinder, kronikeur fan in idyllysk boere-Frysl\u00e2n. Emigrearre Friezen sprekke noch altyd ta de ferbylding. Der is in grut \u00fbndersyk nei dien en yn <em>Frysl\u00e2n<\/em> in tal nijsgjirrige kanten d\u00ear\u00fat. Yn de rubryk 'Verdwenen beroepen' dizze kear seinwachter Jelle Zwart.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Het kraambed is eeuwenlang een bron van zowel grote vreugde als doffe treurnis geweest. Menig nieuw leven doofde weer snel, een barende vrouw verkeerde in grote ongewisheid of zij de bevalling zou overleven. De risico&#8217;s waren enorm, de kennis van complicaties gering. <\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7916,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[232],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7914"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7914"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7914\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7916"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7914"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7914"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7914"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}