{"id":7922,"date":"2011-11-30T13:28:34","date_gmt":"2011-11-30T12:28:34","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7922"},"modified":"2020-12-30T13:31:27","modified_gmt":"2020-12-30T12:31:27","slug":"grensgevallen","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/grensgevallen\/","title":{"rendered":"Grinsgefallen"},"content":{"rendered":"<p>De yndieling fan Frysl\u00e2n yn gemeenten fan de Fr\u00e2nske Tiid \u00f4f is in \u00fat en troch fermaaklike cocktail fan wiisheid, persoanlike ambysjes, oergeunst, hebsucht en doelmjittichheid. En it proses giet troch: binne noch mar krekt tal fan gemeenten yn s\u00fadwest-Frysl\u00e2n gearfoege ta in grutte ienheid \u00fbnder lieding fan Snits, de opdieling fan Boarnsterhim \u00fbnder syn buorlju is oansteande.<br \/>\nDe Fr\u00e2nske besetter makke oan de argayske yndieling in ferstannich ein en kre\u00ebarre 82 mairi\u00ebn en alve st\u00eaden. Dat wie twa iuwen lyn. Mar de Fr\u00e2nsen wienen noch net fuort, of de tast\u00e2n fan foar 1795 kaam werom: alve st\u00eaden en tritich gritenijen. D\u00earmei wie de bestjoerlike slachkr\u00eaft werom nei wat \"op zijn elf-en-dertigs\" hite soe. De bydrage fan Theo Kuipers jout hjirfan in helder oersjoch. Dat in weryndielingsproses him dreech fan boppe-\u00f4f opkringe lit, makket Piet Hemminga wol d\u00fadlik yn syn 'Snoer zonder einde'. Tiden ha tiden, hyt it: de tiid moat ryp w\u00eaze foar oanpassingen, oars wurdt it neat. By de weryndielingen fan 1984 kaam it hjir en d\u00ear hast ta gewelddiedich protest.<br \/>\nDat omstannichheden bot feroarje en 'grinsgefallen' ynienen hiel oare belangen krije, bewiist wol it artikel De grinzen fan Smellingerl\u00e2n fan Peter Terpstra. Troch de gau oprinnende priis fan turf waarden de foarhinne weardeleaze feenflaktes yn de W\u00e2lden hieltyd mear wurdich.<\/p>\n<p>In grins oan de oare kant fan de wr\u00e2ld waard \u00fbndersocht troch Johan Eilerts de Haan. Dizze soan fan in d\u00fbmny \u00fat Noardw\u00e2lde waard in belangrike \u00fbntdekkingsreizger yn de jungle fan Suriname. Hy skreau d\u00ear begjin 20ste iuw skiednis, mar it koste him ek syn libben. In bys\u00fbndere man wie Salomon de Koe, dy't yn 1874 de striid oangie tsjin de almacht fan de elite yn de tsjerke. Benammen de beneaming fan nije d\u00fbmnys s\u00fbnder iennige ynfloed fan de gemeenteleden wie him slim yn de wei. 'Gevangenschap der Friesche kerk' neamde dizze striidbere W\u00e2ldseiner dat. It allerl\u00easte d\u00ear't de opfarrenden fan de boat fan Goai\u00efngea nei it Starteil\u00e2n oan tinke, is dat hjir oer in \u00e2ld tsjerkh\u00f4f fean wurdt. Dit bys\u00fbndere ferhaal stiet yn de rubryk Verbroken Verbindingen d\u00ear't Kerst Huisman \u00fatleit dat hjir dus ek \u00e2lde tsjerkepaden r\u00fbnen. De Snitser Mar en it Prinses Margrietkanaal ha dy r\u00fbte fuortfage. Fierder yn dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> in bys\u00fbndere kostwinning foar Harnzer jonge froulju, in eigenaardich h\u00fbske yn Kollumerpomp, de histoarje fan rizenbrij, de kollum fan Eelke Lok, Nieuws, Kalender en nije boeken.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>De yndieling fan Frysl\u00e2n yn gemeenten fan de Fr\u00e2nske Tiid \u00f4f is in \u00fat en troch fermaaklike cocktail fan wiisheid, persoanlike ambysjes, oergeunst, hebsucht en doelmjittichheid. En it proses giet troch: binne noch mar krekt tal fan gemeenten yn s\u00fadwest-Frysl\u00e2n gearfoege ta in grutte ienheid \u00fbnder lieding fan Snits, de opdieling fan Boarnsterhim \u00fbnder syn buorlju is oansteande.<\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7924,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[234],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7922"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7922"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7922\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7924"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7922"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7922"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7922"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}