{"id":7926,"date":"2011-09-30T13:33:26","date_gmt":"2011-09-30T11:33:26","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7926"},"modified":"2021-01-07T15:49:15","modified_gmt":"2021-01-07T14:49:15","slug":"staveren-950-jaar-stad","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/staveren-950-jaar-stad\/","title":{"rendered":"Staveren 950 jier st\u00ead"},"content":{"rendered":"<p>De \u00e2ldste st\u00ead fan Frysl\u00e2n, dat is Staveren. In namme dy't op midsiuwske kaarten faak iensum yn in grutte lege omkriten stiet te pronkjen. Sa'n st\u00ead moat dochs wol wat foarstelle, soest tinke. It feest fan 950 jier stedsrjochten wurdt dit jier dan ek op grutte wize fierd. Mar fan de stedske alluere is tsjintwurdich yn Staveren neat te fernimmen. In bolwurk op de midsiuwske grins tusken de Holl\u00e2nske en Fryske machtsgebieten? Sikest der om de nocht nei. Pakhuzen? Ymposante regintewenningen? Swiere f\u00eastingwurken? Stedspoarten? Yn gjin fjilden of wegen te sjen. Staveren is in leuk stedsje, mar it ferline is net te finen yn it strjitbyld. De skiednis is lykwols hiel nijsgjirrich! Yn dizze Frysl\u00e2n in tal prikeljende bydragen, lykas dy fan Gerben Abma, dy't him \u00f4ffreget w\u00ear't dy w\u00fbnderlike tsjinstelling dochs wei komt, tusken gloarjeryk ferline en suffe werklikheid.<\/p>\n<p>Sicco van Albada, dy't in enoarm wurk makket fan syn argyf\u00fbndersyk nei foar-Napoleontyske skipsbou yn Frysl\u00e2n, beskriuwt de \u00e2lde Staverske skipsbou, fan grut belang fansels, mei de see sa tichtby. Oer bys\u00fbndere hannel op de oseanen troch Staverske skippers wurdt skreaun oan de h\u00e2n fan in tafallich f\u00fbn br\u00e2nskildere r\u00fatsje mei in Staverske foarstelling, dat yn in Amerikaansk museum bewarre wurdt. Dirk Huizinga fertelt oer de ansjofisk-fiskerij dy't koart grutte wolfeart brocht, mar dy't in folslein oar soart fiskerij wie as de gebr\u00fbklike. En fansels krijt de ferneamde treinboat omtinken, yn in artikel fan Jelle Koenen. Wat is 'zakkoek', sa freget de l\u00eazer him \u00f4f nei dizze oankundiging. Jeanine Otten makket d\u00fadlik dat dit earder in bekend gerjocht wie, mei d\u00earby in apart ferhaal oer in Groenlandvaarder. In plak dat elk wit te lizzen, mar dy't net ien oait besocht, is de BB-bunker by Grou, sekuer troch Hans Koppen \u00fat de doeken dien. Dick de Boer makket furoare mei syn libbenswurk oer abt Emo (Emo's reis); Jan van Zijverden fertelt oer dit enoarme wurk fan de Grinzer emearitus-heechlearaar. En de Drachtster Feart, d\u00e1t is nochris in Verbroken Verbinding d\u00ear't Kerst Huisman n\u00f3ch wol in pear siden oer trochskriuwe kin. De Drachtster dramatyk oer wat wie, wat ferlern gie en wat blykber mar net weromkomme mei. Yn de rubryk Verdwenen Beroepen twa r\u00fbge wurkmannen: Yke Koudenburg en Auke Slagter rieden jierren achter elkoar molkbussen fan de boeren l\u00e2ns de Skoatterl\u00e2nske dyk nei it melkfabryk De Takomst yn Wolvegea.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>De oudste stad van Friesland, dat is Staveren. Een naam die op middeleeuwse kaarten vaak eenzaam in een grote lege omgeving staat te pronken. Zo&#8217;n stad moet toch wel wat voorstellen, zou je denken. <\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7927,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[235],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7926"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7926"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7926\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7927"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7926"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7926"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7926"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}