{"id":7931,"date":"2011-07-04T11:23:00","date_gmt":"2011-07-04T09:23:00","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7931"},"modified":"2021-01-07T14:16:10","modified_gmt":"2021-01-07T13:16:10","slug":"de-friese-koe","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/de-friese-koe\/","title":{"rendered":"De Fryske Ko"},"content":{"rendered":"<p>It is mar goed dat it ferneamde br\u00fbnzen byld fan \u00fas mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe. De makker, de Ljouwerter keunstner Gerhardus Adema, waard by wize fan sprekken gek fan de bemuoisucht fan foaroansteande feefokkers: gjin detail \u00fbntkaam oan har oandacht en hieltyd r\u00fbnen se de keunstner mei nije easken foar de fuotten.<\/p>\n<p>It yn 1954 by de gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan it Friesch Rundvee Stamboek \u00fbntbleate byld leit -figuerlik- oan gruzeleminten: sokke lytse kij rinne der net mear r\u00fbn. Begjin jierren santich gie it roer om en no binne hast alle kij op melkfeeh\u00e2lderijen Holstein Friesians. De molke, want d\u00earom draait it dochs foar de boer, is ferd\u00fbbele en rint \u00fbnderwilens rjochting de 10.000 liter it jier.<\/p>\n<p>De rom fan de Fryske kij is skiednis. In moaie skiednis, want fol fan hichte- en djiptepunten, fan gloarje en drama. Fan oansprekkende feefokkers, ymposante eksport en noch altyd grutte ekonomyske betsjutting, al is hast alle suvelyndustry \u00fat Frysl\u00e2n fuort. De ko sprekt sterk ta de ferbylding. Hillich is se dan wol net, koestere en knuffele wurdt se wol. In licht waggeljende skjintme is se, mei as \u00fbnmisber spegelbyld de stoere bolle. In soad minsken belibje wille oan it skilderjen fan kij en bollen, wat noch net tafalt. Dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> fertelt oer '\u00fas' Fryske ko. Wa kin dat better as Reimer Strikwerda? Dizze Fryske boeresoan folge de feefokkerij desennia achterelkoar fan tichtby en publisearret der noch geregeld oer.<\/p>\n<p>Yn dizze <em>Frysl\u00e2n<\/em> ek in biografy oer it boeiende libben fan \u00fatfiner\/keunstner Abe Gerlsma. Yn it Frysk L\u00e2nboumuseum yn Earnew\u00e2ld rint oer him in moaie tentoanstelling: keunst en boere-ark, in moaie kombinaasje foar in \u00fatstapke.\nNochal dramatysk, hast oandwaanlik wie it lot fan Binne Veltman, leafdefol troch Doeke Sijens besprutsen. De dea fine achter de piano, troch tonger: dat is op syn minst orizjineel. Oer in bys\u00fbndere oankeap fan berneklean troch it Fries Museum skriuwt Gieneke Arnolli. Der is noch \u00fbndersyk nedich om krekt te achterheljen hoe en wat. Peter Karstkarel pakt \u00fat mei in oersjoch fan sjaletbou yn Frysl\u00e2n. D\u00ear is dochs noch fole fan te sjen. Faak binne de gebouwen mei oandacht en leafde boud, dus hiel apart is it net dat der noch safolle fan te sjen is. Mar we bliuwe Nederlanners: hjir en d\u00ear moast it ek nuttich w\u00eaze, bygelyks mei ynspringingen by sl\u00fbswachterh\u00fbskes, sadat de sl\u00fbswachter fan binnen\u00fat oankommende skippen sjen koe. Koperslagger Jan Dijkstra is op de achterkant te sjen op in wize dy't by syn libben selden foarkaam: yn folle gloarje. Yn syn lange wurksume libben wie er ommers min ofte mear opsletten yn syn krappe, benaude en bar net s\u00fbne wurkpleats.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>It is mar goed dat it ferneamde br\u00fbnzen byld fan \u00fas mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe.<\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7933,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[236],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7931"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7931"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7931\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7933"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7931"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7931"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7931"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}