{"id":7935,"date":"2011-05-04T11:29:25","date_gmt":"2011-05-04T09:29:25","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7935"},"modified":"2021-01-04T11:42:49","modified_gmt":"2021-01-04T10:42:49","slug":"seks-last-en-lust","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/seks-last-en-lust\/","title":{"rendered":"Seks: l\u00east en lust"},"content":{"rendered":"<p>In opfallend, \u00e2ld keunstwurk \u00fat de Koninklijke Bibliotheek siert it maaie-n\u00fbmer fan\u00a0<em>Frysl\u00e2n<\/em>De makker fan de g\u00fbasje yn it liber amicorum fan Juw van Harinxma \u00fat 1625 soe wol nuver opsjen as er syn wurk weromsjocht op in tydskriftomslach mei as tema-titel \"Seks\". No dekt dizze titel net hielendal de lading, om yn terminology te bliuwen. De measte artikelen geane mear oer de morele opfettingen: oer wat mocht en wat net. Oer wat nettsjinsteande dien waard en wat neilitten waard. Net folle \u00fbnderwerpen h\u00e2lde de minske sa dwaande as seksualiteit, mar der frij oer prate: no nee.<\/p>\n<p>Hilarysk en dochs ek tryst is it ferslach dat Doeke Sijens skreau oer de oprjochtingsperioade fan de \u00f4fdieling Frysl\u00e2n fan it COC. Heareleafde, d\u00ear sloegen de autoriteiten bot fan achteroer. Ferbiede koest it net, oars as de ek al ferkrampte wetjouwing foarskreau, mar der neat oan dwaan, soe de apokalyps tichterby bringe, sa wie de oertsj\u00fbging. Dus waard de plysje derop \u00fatstjoerd om krekt ferslach te dwaan. Namme woe de Hermandad witte. Mar dy kamen der net. Allinne Bram van der Peijl, soan fan de h\u00fasfotograaf fan Fan Fryske Groun, joech sines bretaalwei. Der is s\u00fbnt dy tiid in soad ferbettere, mar \"praat me niet van die goede oude tijd\", seit Kerst Huisman, auteur fan it oersjochartikel 'De seksuele bevrijding van Friesland'. Hy jout gjin goed wurd oer foar de ferstikkende twingerij fan de jierren fyftich en makket d\u00fadlik dat de foarnaamste frucht fan dat moralisme hypokrasy is.<\/p>\n<p>Oer dy hypokrasy kin Joop Fenstra smaaklik fertelle. De Ljouwerter \u00fbndernimmer hie begjin jierren santich de 'Lektuurtuin' yn Ljouwert. D\u00ear leinen tal fan \"vieze boekjes\", mar ek helpstikken om de foarbylden \u00fat dy boekjes yn praktyk te bringen. Fenstra ferkocht in soad \u00fbnskuldige lektuer, dy't dan allinne as doel hienen, de opwinende tydskriften \u00fbngemurken tusken te ferstopjen op wei nei h\u00fbs.<\/p>\n<p>De stoerste foto yn <em>Frysl\u00e2n<\/em> is s\u00fbnder mis dy fan Mees Toxopeus. Dizze ferneamde minsker\u00eader is de betinker fan de selsrjochtsjende r\u00eadingboat, w\u00earfan't de Insulinde (l\u00easten wer yn de feart nommen) de bekendste is. Toxopeus en syn r\u00eadingboat sprekke sterk ta de ferbylding fan de Friezen. As de motoaren fan de Insulinde fersliten binne en nije leafst 50.000 g\u00fbne kostje moatte en de ein fan it r\u00eadingwurk tichtby liket, springt de Fryske befolking yn de bres. Under oanfiering fan sjoernalist Keimpe Sikkema wurdt it jild by elkoar brocht en kin de Insulinde syn goede wurk fuortsette.<\/p>\n<p>Foar kenners is EBF in logyske \u00f4fkoarting, foar in soad oaren dochs in namme dy't bekend foarkomt, mar waans rom proai driget te wurden fan it ferjitboek: Eeltsje Boates Folkertsma. Hy wie it boechbyld fan it kristlik part fan de Fryske beweging.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Een opvallend, oud kunstwerk uit de Koninklijke Bibliotheek siert het mei-nummer van Frysl\u00e2n. De maker van de gouache in het liber amicorum van Juw van Harinxma uit 1625 zou wel vreemd opkijken als hij zijn werk terugziet op een tijdschriftomslag met als thema-titel &#8220;Seks&#8221;.<\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7937,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[239],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7935"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7935"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7935\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7937"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7935"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7935"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7935"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}