{"id":7939,"date":"2011-03-04T11:32:32","date_gmt":"2011-03-04T10:32:32","guid":{"rendered":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/?p=7939"},"modified":"2021-01-04T11:42:32","modified_gmt":"2021-01-04T10:42:32","slug":"het-water-komt","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/online-nummers\/het-water-komt\/","title":{"rendered":"It wetter komt!"},"content":{"rendered":"<p>De maartedysje fan <em>Frysl\u00e2n<\/em> giet oer wetteroerl\u00east. Dat is in \"ivich\" aktueel tema yn Frysl\u00e2n. Gean mar nei: it langste stik b\u00fbtengrins is wetter, oant de oanlis fan de Ofsl\u00fatdyk (eins 'Ofsl\u00fatdaam') s\u00e2lt wetter. En dan hat de Fryske boaiem ek noch in \u00fbnhandich reli\u00ebf. Der is wat \u00f4fbodde om it wettermeunster te betwingen. En noch altyd h\u00e2ldt it tema 'It wetter komt' dy Friezen dwaande.<\/p>\n<p>Yn in knap koart betooch leit Siem van der Woude \u00fat hoe't de \u00f4ffier fan it swiete wetter yn Frysl\u00e2n regele is. Troch de natuer en troch de minske. It is net sa dat de provinsje moai \u00f4frint fan heech by Appelskea oant leech by Harns, sadat it oerstallige himelwetter fansels \u00f4ffloeit. We ha ommers de Lege Midden. Miskien tinke tal wettersporters dy't dat prachtige gebiet trochkruse wol dat 'Lege' 'leech' yn de sin fan '\u00fatstoarn' betsjut. Dat is net sa: it is 'leech' yn it Frysk, leech dus. It wetter rint d\u00ear \u00fat himsels hinne en net sa maklik wer fuort.<br \/>\nIn flink part fan Frysl\u00e2n bestiet \u00fat feangr\u00fbn. D\u00ear waard earder sa rigoereus turf w\u00fbn, dat de minske syn eigen wetteroerl\u00east kre\u00ebarre. Yn Frysl\u00e2n in Opsterl\u00e2nsk foarbyld fan noch net iens sa hiel lang lyn.<\/p>\n<p>Frysl\u00e2n syn ikoan fan de striid tsjin it wetter is fansels s\u00fbnder mear '\u00fas' Woudagemaal. Jelle Hagen fertelt no ris it ferhaal oer de man achter dizze machtige stoomkatedraal. Wouda blykt wol wat mear presteard te hawwen.<br \/>\nBys\u00fbnder boeiend is de beskriuwing fan de wettersneedramp fan 1825. Frits David Zeiler is hiel goed yn dizze skiednis ynfierd en sketst in byld fan oan de iene kant ferwoasting, oan de oare kant hiele flugge aksje om de need oan te pakken.<\/p>\n<p>Fan de h\u00e2n fan kenner by \u00fatstek Meindert Schroor is it artikel dat foar in soad l\u00eazers folslein nij w\u00eaze sil. It giet oer de bou fan fersterkingen troch de Saksyske en Habsburchske hearen fan Frysl\u00e2n, yn it bys\u00fbnder de saneamde blokhuzen fan Starum en Harns. Dizze oanlis blykt ferantwurdlik foar de bys\u00fbndere kustline by beide st\u00eaden.<\/p>\n<p>Rydst der s\u00fbnder nei te tinken oan foarby: op it each leaze plukjes beammen yn it l\u00e2n. Se binne op tal fan plakken te finen. Hans Koppen ferklearret de tryste skiednis derachter. Dan sjochst der dochs oars nei: de boskjes krije in ferhaal en betsjutting. En noch in wat wintersk \u00fbnderwerp giet oer lytse keunstfoarwerpen dy't earder as oantinken kocht waarden by in grutte reedrydprestaasje. Hinne en wer oer de Sudersee; dat wie dochs wol in moai mosterpotsje wurdich.<\/p>\n<p>En der is in nije kollumnist, net de minste: Eelke Lok. Hy smyt de stelling op tafel dat 'wij Friezen' eins, eh..; no, l\u00eas dat sels mar. Yn de nije <em>Frysl\u00e2n<\/em>.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>De maarteditie van Frysl\u00e2n gaat over wateroverlast. Dat is een &#8220;eeuwig&#8221; actueel thema in Friesland. Ga maar na: het langste stuk buitengrens is water, tot de aanleg van de Afsluitdijk (eigenlijk &#8216;Afsluitdam&#8217;) zout water. En dan heeft de Friese bodem ook nog een onhandig reli\u00ebf. <\/p>","protected":false},"author":2,"featured_media":7941,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[88],"tags":[238],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7939"}],"collection":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=7939"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/7939\/revisions"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media\/7941"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=7939"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=7939"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/koninklijkfriesgenootschap.nl\/fr\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=7939"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}