Obe Postma de histoarikus

(30ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2024)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fansels ha we yn dit nûmer omtinken foar de eksposysje yn it Fries Museum Ja, ik wil. 250 jaar trouwjurken, noch te sjen oant en mei 16 febrewaris. Gearstaller fan de eksposysje Eveline Holsappel nimt ús oan de hân troch de skiednis fan benammen de Fryske troujurken. Der binne sechstich jurken te sjen, fjirtjin út eigen kolleksje, en trije dêrfan fertelle it ferhaal fan de froulju dy’t se droegen hawwe op har troudei. De jurk leart ús fan alles oer har posysje, sosjale status en har moadegefoeligens tsjin de achtergrûn fan de tiid dêr’t se yn libben.

Fierder sjogge we dit nûmer benammen nei Obe Postma (1868-1963), en dan net nei de dichter mar de lânbou- en lânskipshistoarikus dy’t yn him skûle. Dy kant fan Postma fertsjinnet in folle grutter publyk as allinnich de leafhawwers fan Postma syn poëzy, sa fynt Rimmer Mulder út namme fan it Obe Postma Selskip, dêr’t we dizze special mei makken. Postma droech op lette leeftiid noch by oan it standertwurk Geschiedenis van de Friese landbouw út 1952, dat noch altyd jildt as it belangrykste skiednisboek fan agrarysk Fryslân. In fraach dy’t we dêrby beäntwurdzje is: wa wie eins Johan Jacob Spahr van der Hoek (1915-1996), de histoarikus mei wa’t Postma dat ûndersyk die? En wurdt it 72 jier nei dato net heech tiid om in nij histoarysk oersjoch te publisearjen? De agraryske wrâld hat ommers sûnt dy tiid bepaald net stilstien.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

Lêste online nûmers