Geesje Poutsma – It Fryske Gealtsje

(32de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2026)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Geesje Poutsma is alwer de sechsde fan tsien froulju dy't Doeke Sijens portrettearret yn oanrin nei 200 jier KFG yn 2027. Geesje hie njonken in gouden stim ek in sûn sake-ynstinkt. It Geesje Poutsma Leen stipet mear as in iuw nei har ferstjerren noch altyd jong sjongtalint mei in triuwke yn 'e rêch. It giet no foaral efkes om har portret op de foarkant fan dizze edysje. Hoe bedarre Poutsma dêr? Inkeld troch AI-programma’s foar foarmjouwers dy’t yn heech tempo beskikber komme om foto’s te ‘restaurearjen’. In foar argyfynstellingen like fassinearjende as spannende ûntwikkeling.

De glâns fan Velstra syn sulverkast

(32ste jiergong, nr. 2, maart/april 2026)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

By in boekpresintaasje yn it Fries Landbouwsmuseum late âld-direkteur Henk Dijkstra ferline jier Fryslân-haadredakteur Herman Broers nei Velstra syn sulverkast, ít pronkstik yn de nije Fryske hynste-eksposysje, mei de wurden: ‘Hjir wolsto fêst wol in ferhaal oer ha.’ Dijkstra skreau it artikel sels, as omslachferhaal fan dit nûmer.

Tsjerken en sarken by de Reformaasje

(32ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2026)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Ramses Shaffy song it al yn 1966: ‘Hoog Sammy, kijk omhoog’. Yn dizze Fryslân publisearje we in ûnderboude oprop om yn histoaryske tsjerken yn Fryslân krekt it tsjinoerstelde te dwaan. Sjoch ris omleech. Under de iuwenâlde sarken yn de tsjerkeflierren dêr’t we gewoanwei oerhinne rinne, as tsjerkegonger of besiker/toerist, binne unike eksimplaren. Trudi Brink, gastûndersiker by de Fryske Akademy, sjocht al jierren omleech as se de tsjerke ynstapt, foar har histoarysk ûndersyksprojekt nei de ferhalen achter dy sarken. Se hawwe typysk Fryske skaaimerken.

De lêste Fryske wolf

(31ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

‘Citizen science’, ofwol ‘boargerwittenskip’, de bydrage fan net-akademisy oan wittenskiplik ûndersyk, moat by de Fryske Akademy in ympuls krije. De bydrage fan ‘sneupers’ oan de aktiviteiten fan it ûndersyksynstitút hat sûnt de start derfan yn de jierren tritich fan de foarige iuw altyd grut west. Dat jildt trouwens ek foar de ynhâld fan Fryslân. Ek ‘ús’ auteurs foarmje in prachtige miks fan histoarisy, histoarysk sjoernalisten en de sprekwurdlike (doarps)ûndersikers mei in sûne ôfwiking en in feardige pinne. It KFG, goed hûndert jier âlder as de Fryske Akademy, idem dito. Wittenskiplik ûndersyk yn Fryslân kin net sûnder de leafhawwers.

Histoaryske atlas fan 'it oare Fryslân'

(31ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Dêr stiest dan, mei in sealtas fol fyzje en oprjocht moaie plannen. Foldochst oan alle easken, mar de rip is leech. Tsjin willekeur en koartsichtichheid falt net op te redenearjen, mar it is de praktyk foar de hiele kultuersektor yn ús lân: ienris yn de pear jier in rituele race mei dyn kollega-direkteuren om ‘luzige rotsinten’. Peter Wester, direkteur fan it Fries Landbouwmuseum dat oan in grutte subsydzjefal ûntsnapte yn it jier dat it 100 jier bestiet en mei in ferbouwing yn oerflakte ferdûbele, kin deroer meiprate. Hy sjocht yn dit nûmer werom en sjocht foarút.

Restauraasjeriedsels by portretten Wybrand de Geest

(31ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Skiednis wurket troch yn it no, dat bewiist dit simmernûmer fan Fryslân. Nim no Nederlânsk-Ynje, of Yndonezië. De Ynjegongers yn it tiidrek 1945-1949 – de pynlike oergongsperioade fan de iene namme nei de oare – bedarren ûnder it mom fan oarder- en rjochtsherstel yn in suvere koloniale oarloch. Elkenien – sels dy’t wegeren – is der traumatisearre út weromkaam. Tsjinstplichtige Ynjegongers moatte har tachtich jier nei dato noch altyd ferdigenje foar wat mear as oait as oarlochsmisdieden beoardiele wurde. In soad fan har wrakselen mei trauma’s. Lykas Riemer Riemersma, sa’n bytsje de earste dy’t se al yn 1966 fan him ôfskreau, al realisearre gjinien him oant foar koart hoe histoarysk betiid oft er dêrmei wie.