De glâns fan Velstra syn sulverkast

(32ste jiergong, nr. 2, maart/april 2026)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

By in boekpresintaasje yn it Frysk Lânboumuseum late âld-direkteur Henk Dijkstra ferline jier Fryslânhaadredakteur Herman Broers nei Velstra syn sulverkast, ít pronkstik yn de nije Fryske hynste-eksposysje, mei de wurden: ‘Hjir wolsto fêst wol in ferhaal oer ha.’ Dijkstra skreau it artikel sels, as omslachferhaal fan dit nûmer.
Kleure presintaasje fan feiten yn de media yn it foardiel fan de eigen politike aginda, oftewol ‘framing’, liket in typysk ferskynsel fan de hjoeddeiske polityk. Neat is minder wier. Koart nei de oprjochting fan de Bataafske Republyk yn 1795 spile him in fûle wurdestriid ôf yn de Fryske en Haachske parse tusken twa politisy. Theun van der Wal, jong histoarikus fan De Westereen, skriuwt oer de parse as polityk striidtoaniel fan alle tiden.
Rita Radetzky dûkt yn de skiednis fan de fraaie Ockingastins dy’t út Frjentsjer ferdwûn. De stêd telde as bestjoerlik sintrum om 1500 hinne in foars ferdigenber kastiel, it Sjaerdemaslot, en trije stinzen oan de Foarstrjitte: Cammingha-, Martena- en Hottingastins. De Ockingastins, ien fan de fraaiste, is der net mear. Op de toer nei dan, want dy stiet yn Amsterdam.
As lêste: ús nije kollumnist. Dat is Josse Pietersma (Grins, 1973), konservator fan Museum Martena en it Eise Eisinga Planetarium, ek yn Frjentsjer. In histoarikus mei de passy, de blik en it tinken fan in keunstner, ergo: mei behâld fan autentike ferwûndering. Dy ferwûndering sprekt er ek út en dat smyt, nei’t wy hoopje, moaie ‘stikjes’ op.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

 

Lêste online nûmers