Ramses Shaffy song it al yn 1966: ‘Hoog Sammy, kijk omhoog’. Yn dizze Fryslân publisearje we in ûnderboude oprop om yn histoaryske tsjerken yn Fryslân krekt it tsjinoerstelde te dwaan. Sjoch ris omleech. Under de iuwenâlde sarken yn de tsjerkeflierren dêr’t we gewoanwei oerhinne rinne, as tsjerkegonger of besiker/toerist, binne unike eksimplaren. Trudi Brink, gastûndersiker by de Fryske Akademy, sjocht al jierren omleech as se de tsjerke ynstapt, foar har histoarysk ûndersyksprojekt nei de ferhalen achter dy sarken. Se hawwe typysk Fryske skaaimerken.
Yn dit nûmer leit Brink út hoe’t de sarken fan rike Friezen tusken 1530-1640 ús faaks likefolle ynformaasje jouwe oer har libben en libbensfyzje as bygelyks de pronkskilderijen dy’t Wybrand de Geest fan de Fryske adel makke.
Trudi Brinks har ferhaal past kwa tiidsperioade by it iepeningsartikel fan Jan Dirk Wassenaar oer de feroare tsjerke-ynterieurs: foar, yn en nei de Reformaasje. In soad midsiuwske, katolike tsjerke-ynterieurs waarden ‘suvere’ troch de grifformearden yn de tsientallen jierren dêrnei. Wassenaar skreau der in boek oer mei Marco Blokhuis dat hiel Nederlân beljochtet, mar op fersyk fan de redaksje jout Wassenaar der in spesifyk Fryske draai oan.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.

