Geesje Poutsma is alwer de sechsde fan tsien froulju dy't Doeke Sijens portrettearret yn oanrin nei 200 jier KFG yn 2027. Geesje hie njonken in gouden stim ek in sûn sake-ynstinkt. It Geesje Poutsma Leen stipet mear as in iuw nei har ferstjerren noch altyd jong sjongtalint mei in triuwke yn 'e rêch.
It giet no foaral efkes om har portret op de foarkant fan dizze edysje. Hoe kaam Poutsma dêr? Inkeld troch AI-programma’s foar foarmjouwers dy’t yn heech tempo beskikber komme om foto’s te ‘restaurearjen’. In foar argyfynstellingen like fassinearjende as spannende ûntwikkeling. Sûnder AI hienen jo net witten hoe't Geesje Poutsma derút seach. It bytsje byld dat fan har bewarre bleau, wie moai mar net te brûken. Wy besleaten om it te hâlden by it oanskerpjen en kleur jaan. Salang’t Geeske har uterlik mar leauweardich bliuwt, tochten wy. Mar hoefier kinst gean?
Moatte wy ús wapenje tsjin byldmanipulaasje om histoaryske autentisiteit te behâlden? It is mei rjocht ien fan de fûlste aktuele diskusjes yn de histoaryske wrâld. Nepplaatsjes fan de holocaust, foar it net trainde each net fan oarspronklike bylden te ûnderskieden, binne der in soad op ynternet. As we der net om tinke, beskeadiget it ús kollektive ûnthâld.
It artikel oer de earste froulike boargemaster fan Fryslân Woudy Veenhof: fan itselde lekken in pak. It iennige brûkbere byld dat we hienen, wie fan de ferline jier ferstoarne fotograaf Johan Witteveen en bestie allinnich yn papieren foarm yn Friesland Post (jiergong 1976) en Kijk op het Noorden (jiergong 1983). We tankje útjouwers fan beide dat se har redaksjekast noait leechromme hawwe. It makket ús lytse foto-eksperimint mooglik.
Koartsein: kin en mei dit? Wy hearre graach wat jo derfan fine. By brûkbere reaksjes komme we der noch efkes op werom.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.
