Yn dit nûmer omtinken foar de ferbou en ferwurking fan flaaks as in ‘needsaaklik kwea’, lykas Henk Dijkstra yn syn iepeningsartikel sketst. De Friezen wienen koprinner fan de flaaksyndustry yn Nederlân: fan de hast 4.000 braakhokken en swingelketen dy’t Nederlân yn 1907 noch telde, stienen goed 2.800 yn de Fryske flaaksstreken en fan de goed 8.000 flaaksbewurkers, wurken hast 4.600 yn ús provinsje. Histoarisy kinne mei foarbylden lykas dizze parallellen lûke nei ús hanneljen fan no. Der skûlje in soad histoaryske lessen yn dy braakhokken.
Fierder in maritime special fan trije artikels oer Friezen yn de Republyk, en in persoanlik In Memoriam troch Yme Kuiper ta oantinken oan Johan Frieswijk, de histoarikus fan de Fryske arbeidersbeweging dy’t koartlyn op 80-jierrige leeftiid yn syn wenplak Beetstersweach ferstoar.
Ta beslút sjogge we nei de wearde fan dendrogronology yn de byldzjende keunsten. Sa stelde Paul Borghaerts koartlyn fêst dat de panielen fan mar leafst fiif skilderijen fan kapteins fan it Fryske Rezjimint fan deselde beam komme.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.
