Antwurd op soarchtekoart ‘djip-swaksinnigen’

(29ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2023)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Dat wy al twatûzen jier fan Friezen sprekke, tankje we oan de Romeinske histoarikus Plinius de Aldere. Yn syn Naturalis Historia neamt hy as earste de Frisii en jout in noch altyd ta de ferbylding sprekkende beskriuwing fan har wengebiet. Plinius - boujier 23 nei Kristus - stiet presys twa milennia letter wer yn de belangstelling, ek yn dizze Fryslân. Yn 1823 ûndernaam Jacob van Lennep syn ferneamde fuotreis troch Nederlân. Van Lennep wie krekt as Plinius bepaald net flaaikjend oer wat er hjir oantrof, al kin by beide hearen de kleur fan de waarnimmer net hielendal fuortpoetst wurde. Feroaringen yn de soarch binne fan alle tiden. De twadde ôflevering fan ús soarchrige, oer hoe’t it tekoart oan soarch foar ‘djip-swaksinnigen’ yn it noarden bestriden waard mei de komst fan Maartenswouden en Borneroord, toant dat oan. Goed fyftich jier fierder is neat mear itselde. Yme Kuiper, ta beslút, ûndersiket de riedsels fan in bysûnder skilderij dat yn Dekema State yn Jelsum hinget.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

Lêste online nûmers