Dêr stiest dan, mei in sealtas fol fyzje en oprjocht moaie plannen. Foldochst oan alle easken, mar de rip is leech. Tsjin willekeur en koartsichtichheid falt net op te redenearjen, mar it is de praktyk foar de hiele kultuersektor yn ús lân: ienris yn de pear jier in rituele race mei dyn kollega-direkteuren om ‘luzige rotsinten’. Peter Wester, direkteur fan it Fries Landbouwmuseum dat oan in grutte subsydzjefal ûntsnapte yn it jier dat it 100 jier bestiet en mei in ferbouwing yn oerflakte ferdûbele, kin deroer meiprate. Hy sjocht yn dit nûmer werom en sjocht foarút.
Wy besjogge it album amicorum fan Wybrand de Geest, de santjinde-iuwske portretskilder út Ljouwert oan wa’t it Fries Museum op it stuit in grutte eksposysje besteget. It bringt ús in skitterjend ynsjoch yn in seldsum freoneboek.
Ek de tredde ôflevering yn ús rige Fryske Froulju: Hendrika Troelstra, de ‘suster fan’, wie in aventoerlike en ûndernimmende frou dy’t lykas har broer Piter Jelles in hiel soad betsjutte foar de sosjalistyske beweging. Doeke Sijens skreau fan har in portret.
Meikoarten ferskynt de Historische Atlas van Zuidoost-Friesland, dêr’t auteurs Meindert Schroor, Bert Looper en Dennis Worst har ljocht oer it part fan Fryslân yn skine litte dat we oer it algemien fierstente min sjogge: de súdeasthoeke. Wy seagen de atlas alfêst yn en keazen ien fan de tema’s as foarpublikaasje.
Ta beslút sjogge wy nei de skiednis fan De Harkema, dat as doarp yn de jierren fyftich op advys fan twa oerheidsrapporten hast opheft wie. It krûpte troch it each fan de nulle en groeide út ta in grut en fitaal doarp. Iepenloftmuseum De Spitkeet besteget der mei in eksposysje omtinken oan.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.