Fryslân biedt jonge skiednisskriuwers in poadium, al jouwe wy senioaren mei in flotte pinne ek noch altyd de romte. Mar om kwalitatyf lêze en skriuwe oer skiednis folhâlde te kinnen yn Fryslân, sil it tal jonge skriuwers hurd tanimme moatte, fynt haadredakteur Herman Broers yn syn foarwurd fan dit earste nûmer fan de tritichste jiergong.
Winner fan de Talintpriis fan it Cultuurfonds Fryslân Anne-Goaitske Breteler is sa’n jonge Fryske skiednisskriuwer. Sy fertelt oer har nijste projekt, it boek oer de geastlike sûnens op it plattelân De laatste dagen van de dorpsgek dat ynkoarten ferskynt.
Fierder sjogge we nei de Fryske toanielskriuwer Rudolf Wilhelm Canne (1870-1931), de Frânske topkok oan it Stadhouderlijk Hof Vincent La Chapelle en de adellike famylje Dou(we)ma yn Jirnsum dy’t hearske oer it midsiuwske Boornegebiet. Ek beljochtsje we de tragyske ein fan it dynamyske libben fan boer en hynstefersekerder Hantje Pasma (1866-1933). En wat leare ús de bynten fan Fryske pleatsen oer it komôf fan bouhout en de houtfeart?
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.
