Kreamklinyk helpt jonge doarpshúshâlding

(29ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2023)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Minie Baron skriuwt yn de earste bydrage yn de nije rige oer de skiednis fan de Fryske sûnenssoarch oer de lytse kreamkliniken fan fuort nei de Twadde Wrâldoarloch. Dy wiene om mear redenen as allinne it yn goede banen lieden fan de ‘babyboom’.
Mei Waling Dijkstra lei de Burgumer folksskriuwer en dichter Tsjibbe Gearts van der Meulen de basis foar it Fryske Winterjûnenocht. Doeke Sijens portrettearret dizze klokmakkersoan dy’t syn stimpel drukte op sawol gebrûk as status fan it Frysk op de bühne.
Om it keatling fan earwraak yn it frije Fryslân fan de lette midsiuwen te betegeljen, ûntstie wetjouwing dêr’t krekt by omskreaun stie watfoar oanbrochte ferwûning mei hoefolle jild ôfkocht wurde koe. Oant it deadzjen fan in frije Fryske edelman oan ta. Han Nijdam liedt ús as kenner fan it frije Fryske rjocht troch dit nijsgjirrige – en omfangrike – oersjoch en rekkenet út wat de priis foar it libben fan in frije Fries wêze soe nei hjoeddeiske mjitstêven.
Ta beslút fertelt Pieter Breuker ús oer syn ûndersyk nei de skiednis fan fiif iuwen ‘badgasten’ op Skylge dêr’t er koartlyn in boek oer skreau.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

Lêste online nûmers