Tachtich jier befrijing

(31ste jiergang, nr. 2, maart/april 2025)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online beskikber.

Fryslân bringt yn dizze edysje in special fan trije artikels yn it ramt fan 80 jier befrijing. Nei oanlieding fan de eksposysje ‘Twadde thús’ yn Tresoar oer evakuees en har Fryske gastgesinnen yn de oarloch, beskriuwt haadredakteur Herman Broers it bysûndere oarlochsferhaal fan syn eigen mem, Greetje Huksloot. Dy kaam út it bombardearre Rotterdam wei nei Oerterp. Yn tsjinstelling ta tûzenen oaren is sy de rest fan har libben bleaun en Friezinne wurden.
Gosse Beerda fertelt oer syn pake mei deselde namme. Hy stried oant djip yn de jierren fyftich mei ynstânsjes om kompensaasje foar it ferlies fan syn houthannel yn Kollumersweach troch tadwaan fan de nazi's. En Henk Tijssen beskriuwt de oarlochsjierren fan de NSB-boargemaster fan Snits, Jacob Schut.
Dêrneist sjogge we ek nei oare ûnderwerpen as de oarloch: nei hoe’t materieel erfgoed - tsjintwurdich rôversguod sa’t bliken die yn it Drents Museum - eartiids gewoan ferpatst waard, troch oerheden nota bene. Sa woe de gemeenteried fan Frjentsjer de út 1607 stamjende Globebeker yn 1896 ferkeapje, mar stuts de boargemaster dêr persoanlik in stokje foar, sa rekonstruearret Stefan Kortrijk.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.  

Lêste online nûmers