Skiednis wurket troch yn it no, dat bewiist dit simmernûmer fan Fryslân. Nim no Nederlânsk-Ynje, of Yndonezië. De Ynjegongers yn it tiidrek 1945-1949 – de pynlike oergongsperioade fan de iene namme nei de oare – bedarren ûnder it mom fan oarder- en rjochtsherstel yn in suvere koloniale oarloch. Elkenien – sels dy’t wegeren – is der traumatisearre út weromkaam. Tsjinstplichtige Ynjegongers moatte har tachtich jier nei dato noch altyd ferdigenje foar wat mear as oait as oarlochsmisdieden beoardiele wurde. In soad fan har wrakselen mei trauma’s. Lykas Riemer Riemersma, sa’n bytsje de earste dy’t se al yn 1966 fan him ôfskreau, al realisearre gjinien him oant foar koart hoe histoarysk betiid oft er dêrmei wie.
De jonges oan de oare kant, de Ynjewegerers, wurde hieltyd faker oan de ‘goede kant’ fan de skiednis pleatst. Har striid foar earherstel, de prinsipiële kar dy’t se doe mei in flinke finzenisstraf bekeapje moasten, is ek noch hieltyd net striden.
We sjogge foarút nei Wybrand de Geest, meesterlijke portretten, de grutte eksposysje dy’t op 6 septimber iepenet yn it Fries Museum dat alle registers iepenlûkt om it wurk fan de ‘Fryske Rembrandt’ in poadium te bieden. Fia de eksposysjemakkers krije wy in moaie blik yn de keuken fan dit projekt wêrby’t ek kolleksjestikken fan it KFG wer yn it ljocht set wurde.
Ta beslút it portret fan keunstner en aktiviste Anneke van der Feer, de earste fan yn totaal tsien bio’s dy’t we de kommende edysjes bringe, foarútrinnend op it projekt ‘200 Fryske Froulju’ fan it KFG yn jubileumjier 2027. Har wurk wie te lang yn de spelonken fan in troch manlju dominearre maatskippij. Se is lang de iennige net, sa sil út dizze searje helder bliken dwaan.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.
