It betooch fan Hans Mol dêr’t we dit nûmer mei iepenje, is helder. De foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Landbouwgeschiedenis stelt dat der noed is oer kolleksjes en dat musea en ûndersyk ûnder druk stean. Mol kaarte dit oan by it ôfskied fan direkteur Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum yn desimber 2022 en publisearret syn pleit yn dit nûmer fan Fryslân.
Tachtich jier duorre it foardat de identiteit fan de Dútske piloat Konstantin Benzien fêststeld wurde koe tanksij DNA. Undersiker Alexander Tuinhout fertelt hoe dreech oft it wie de op 11 desimber 1943 yn Nijtap (by De Pein) delstoarte fleaner te identifisearjen.
Dan it krûdedrankje fan Hycke Botes fan Ferwert. Op folle mear as fertrouwen wie de heilsume wurking tsjin hûnsdûmens dy’t der fanút gean soe ommers net basearre. Yn 1731 priizgen de Steaten fan Fryslân it lykwols oan as in wûndermiddel.
Weromsjen op libbens, Doeke Sijens is der út namme fan Fryslân ûnderwilens hiel betûft yn. Syn skets fan Gerrit ‘Fûgeltsje’ Bosch ferriedt dat Bosch op syn sêftst sein obsedearre wie troch fûgels. Goed fjirtich jier nei syn dea bestiet ‘syn’ Natuurmuseum Fryslân 100 jier. Dat begûn doe wol mei Gerrit Bosch syn opsette fûgels.
Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it op de mail (redactie@htfryslan.nl) of op ús social media.
