Wike Zijlstra (1893-1964) is altyd sjoen as oanhingsel fan Douwe Kalma, mar op it mêd fan twatalich ûnderwiis yn Fryslân hat se ek har eigen fertsjinsten. ‘Trou yn de striid foar folk en tael’ stiet op har grêfstien yn De Rottefalle. Fêsthâldend en koppich wie se ek en relativearje wie har aard net. Doeke Sijens skreau har portret.




