It giet min mei de lânbouskiednis: der is noed oer kolleksjes, musea hawwe it swier, it tal ûndersikers rint hurd werom. Hoe komt dat en wat dogge we deroan? Foarsitter Hans Mol fan de Nederlandse Vereniging voor Landbouwgeschiedenis ropt op ta aksje. Al gloaret der hoop, krekt yn Fryslân.




