Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906) is wol in ‘nuveraardich hear’ neamd en in ‘sûnderling’, hy luts him yn elk gefal fan gjin ien wat oan. Hy kaam út de Wâlden mar fielde himsels in wrâldboarger. Syn toanielstikken waarden – ek lang nei syn dea – rûnom wurdearre. Mei syn foardrachten yn it Frysk hat er minsken in soad wille brocht op lange winterjûnen. Ferneamd (en berucht) binne de sydpaden dy’t er by it fertellen fan in ferhaal ynsloech. Oer in gefoelsminske mei in boartlike en fearkrêftige geast, dy’t skreau sa’t ‘it hert’ him ynjoech.



