Al fiif iuwen lûke belangstellenden nei Skylge, mar de massatoerist ûntduts it eilân net earder as nei de Twadde Wrâldoarloch. In heal miljoen minsken besiket no jierliks Skylge. Frisist Pieter Breuker publisearre op syn fakgebiet, oer keatsen, sportskiednis en aaisykjen. Koartlyn ferdjippe er him yn de histoarje fan it toerisme nei Skylge.



