Fier fan hûs en meiïnoar

De Fryske kriten binne it anker foar Friezen om utens. Sa bliuwt der in bân mei de Fryske taal en kultuer. Want Fryslân bliuwt yn har hert, wêr't Friezen ek gean. Mei de fiering fan it iuwfeest stiet It Frysk Boun om Utens, de oerkoepeljende organisaasje fan de kriten, stil by moeting, ynspiraasje en ferdivedaasje.

Mear yn dit nûmer

SK-A-4830sept23
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-5

Polityk gewin giet troch de mage

Oan it Stadhouderlijk Hof yn de tiid fan steedhâlder Willem Frederik fan Nassau-Dietz iet hast elkenien wite bôle. Mar de turfdrager, skûtelwasker en keukenjonge ieten weetbôle. Dat wie net sneu, want de earmen moasten it mei roggebrea dwaan. De steedhâlder brûkte iten en drinken net allinnich om sjen te litten by watfoar klasse oft er hearde, hy sette parren en wyn ek yn as polityk wapen.
Marten Groenhof_wandschildering
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-5

Keunstners fan it Fryske lân

Yn it Fries Landbouwmuseum is noch oant 1 novimber de eksposysje ‘De schilders van het Friese land’ te sjen, mei skilderijen dêr’t de Fryske boer, syn wurk, it lânskip, syn fee en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde troch keunstners. Gearstaller Henk Dijkstra makke spesjaal foar Fryslân in oersjoch fan ‘byfangsten’, of wurk dêr't gjin plak foar wie, lykas keunst yn de iepenbiere romte, of wat net eksposabel wie.
Dorpsdokter Jan de Haan
Yn dit nûmer: Fryslân 2023-5

De doarpsdokter dy’t ferdwûn

Sûnt de jierren santich fan de foarige iuw ferlear Fryslân har doarpsdokters. Húsdokters yn lytse mienskippen, net selden mei apoteek oan hûs, dy’t 24 oeren deis, sân dagen yn de wike klear stiene foar har pasjinten. Stap foar stap waarden se ferfongen troch groepspraktiken yn middelgrutte doarpen mei – faak parttime wurkjende – dokters. Ald-húsdokter Jan de Haan yn Wolvegea, dy’t it brocht ta heechlearaar húsdoktergenêskunde skreau in boek oer syn karriêre as dokter ‘ticht by de minsken’.