It dendrogronologysk datearjen fan de byntkonstruksjes fan Fryske pleatsen smyt skatten oan ynformaasje op. Net allinnich oer de âlderdom fan it bouhout, mar ek fan de komôf, as fysike wjerslach fan de iuwenlange houtfeart op Súd-Skandinavië en om de Eastsee hinne. Nije ûndersyksgebieten, lykas hout foar keunstwurken, lonkje sels, sa fynt Paul Borghaerts.




