Boargemaster fan Smellingerlân J.L. Thalen beskreau Drachten yn syn amtsperioade (1956-1960) as ‘Frieslands witte raaf’, wizend nei de ‘unieke levenslust’ fan de Drachtster befolking. Yn 2025 sil it 75 jier lyn wêze dat Philips him yn Drachten fêstige en de grutte sprong foarút fan it doarp begûn, yntusken mei 45.000 ynwenners it twadde plak fan Fryslân. Drachten hat in soad, mar net alles oan Philips te tankjen. Al sûnt it by-inoarkommen fan de twa ‘Dragten’ ein 19de iuw koe it diedkrêft en ûndernimmendheid.




