Yme Schuitmaker en Anna van der Minne-Buma, doedestiids pommeranten yn de Fryske toaniel- en kultuerwrâld, bedarren mei it opfieren fan de Fryske folksdûns Skotse Trije yn Dútslân en op Hitler syn Olympyske Spelen yn 1936 yn Berlyn. Dat docht bliken út ûndersyk yn Fryske en Dútske argiven. Nei weromkomst fan syn rûnreis troch nazi-Dútslân die Schuitmaker entûsjast ferslach yn it Leeuwarder Nieuwsblad, einigjend mei in planút ‘Deutschland über Alles!’ Men seach der tsjin oan. Oer in opmerklike reis troch ‘Hitler-lân’.




