Yn dit nûmer in special maritime histoarje fan yn totaal trije artikels. It binne ynkoarte ferzjes fan lêzingen dy’t jûn binne op 3 febrewaris yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits op it sympoasium ‘Friezen in de Admiraliteiten van de Republiek’, organisearre troch de Werkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy. We sjogge nei de Fryske bemanningsleden oan board fan it fregat Hûs te Warmelo dat yn 2016 weromfûn is, we rekonstruearje de dieden fan fergetten kaptein Adriaan de Roock en we folgje Fryske frachtfarders dy’t yn 1799 by Wight kaapt waarden troch de Ingelsen.




