Op 6 maart 2024 ferstoar yn Beetstersweach Johan Frieswijk (80), dé histoarikus fan de Fryske arbeidersbeweging. Fan 1986 oant 2008 wie er ferbûn oan de Fryske Akademy, yn de jierren dêrfoar oan de Universiteit fan Amsterdam en de RUG. Al yn 1971 skreau er oer de Fryske seksjes fan de Internationale (1869-1871). Fierder makke er biografyske portretten fan foarmannen yn de Fryske arbeidersbeweging, lykas Foeke Kamstra, Tjeerd Stienstra, Jan Stap, Rindert van Zinderen Bakker en Geert Lourens van der Zwaag. Ek hie er in wichtige ynbring by de romrofte VARA-dokumintêre oer de skiednis fan it sosjalisme yn Nederlân: ‘Voorwaarts en niet vergeten’. Yme Kuiper hellet oantinkens op oan Johan Frieswijk.




