Planken dy’t ferdwûnen, smoargens op it wurk, ferkleure fernis, krassen fan degens en rûch oannaaide stikken doek. Fan it momint dat keunstskilder Wybrand de Geest (1592-1663/65) in portret meijoech oan in opdrachtjouwer, oant it yn it Fries Museum bedarre, koe der in soad barre. Foar de tentoanstelling Wybrand de Geest – Meesterlijke portretten is in oantal wurken restaurearre. Konservator Anne-Marie Segeren fertelt hoe.




