It iuwenâlde selskipsspul ‘ganzenbord’ (guozzebrief) krige yn 1880 in Fryske fariant troch de Feanster stiendrukker Piebe Krediet. Hy koe moaie tekenje en foarseach it boerd fan tagelyk -doe - typysk Fryske ‘bezienswaardigheden.’ Piebe hie de rûte sels rinnend ôflein om proeftekeningen te meitsjen.




