It wurk fan de Snitser keunstner Anneke van der Feer (1902-1956) hat lang út byld west. Nei har ferstjerren waard it opburgen yn depots. Kaam it foar in eksposysje yn oanmerking, dan gienen har manlike kollega’s foar. No’t de oandacht ferskoot nei wat froulju oan de keunst bydroegen ha, falt ek it ljocht wer op har: net allinnich as keunstner, ek as in warbere aktivist.




