De yn Drachten berne Ytsje Kooistra (1861-1923) jildt as ien fan de belangrykste Nederlânske ûnderwiispioniers. Se wegere om ûnderskied te meitsjen tusken de opfieding fan jonges en famkes en hie it as earste yn Nederlân yn wittenskiplike sin oer de term ‘puberteit’. By har ferstjerren yn 1923 waard se omskreaun as in ‘harmonisch ontwikkelde ziel, die als evenwichtig mensch vereerd en bemind werd door allen, die haar hadden leeren kennen.’




