Lange tiid is it in fertroud byld op it Fryske plattelân: in feehanneler ûnderweis nei boeren. Troch de feroaringen yn de agraryske sektor is dat byld ferdwûn. Roelof Baron (1913 -1994) wie ien fan har en oait in bekende ferskining op boerehiemen yn Súdeast-Fryslân en op feemerken. Syn dochter, histoarika Minie Baron, sketst heit yn in persoanlik portret en beskriuwt mei him in útstoarne beropsgroep dy’t ‘de boer op gie’.




