Sûnt de jierren santich fan de foarige iuw ferlear Fryslân har doarpsdokters. Húsdokters yn lytse mienskippen, net selden mei apoteek oan hûs, dy’t 24 oeren deis, sân dagen yn de wike klear stiene foar har pasjinten. Stap foar stap waarden se ferfongen troch groepspraktiken yn middelgrutte doarpen mei – faak parttime wurkjende – dokters. Ald-húsdokter Jan de Haan yn Wolvegea, dy’t it brocht ta heechlearaar húsdoktergenêskunde skreau in boek oer syn karriêre as dokter ‘ticht by de minsken’.




