Oant fier yn de njoggentjinde iuw begelaten froedfroulju yn Nederlân hast alle befallingen, oant se fan 1900 ôf konkurrinsje krigen fan dokters. Hieltyd mear froedfrouljuspraktiken ferdwûnen, oant fan 1970 ôf har beropsperspektiven wer geunstiger waarden. Minie Baron beljochtet trije froedfroulju – tsjintwurdich ferloskundigen neamd – dy’t tsjin de delgeande trend yn har praktiken yn 1934 yn Fryslân begûnen: Antje Velde, Jetske Steen-de Jong en Jacobine Jensen, in útsûnderlike lichting froedfroulju yn de krisisjierren yn Fryslân.




